Prinses Irene Brigade

De Keninklike Nederlânske Brigade 'Prinses Irene' wie in brigade dy't ûntstie út Nederlânske troepen dy't yn maaie 1940 út Nederlân ûtkomme koene; letter waard de brigade oanfold mei Ingelânfarders en in stikmannich Nederlanners yn it bûtenlân dy't by de brigade har tsjinstplicht ferfollen. Yn it earstoan waarde sy ynset by Ingelske leger- en marineûnderdielen.

Baretembleem fan it Garde Rezjimint 'Prinses Irene' nei 1947
Betinking by it Irenemonumint op it Boargemaster De Monchyplein, De Haach, 8 maaie 2010

1941-1945 bewurkje seksje

De brigade waard oprjochte yn Congleton yn Ingelân op 11 jannewaris 1941. Yn septimber 1941 waard generaal-majoar David van Voorst Evekink kommandant fan de Brigade. Hy woe de Brigade nei Ynje hawwe, in plan dêr't keninginne Wilhelmina en prins Bernhard him yn stipen. Hy gie nei Ynje mei in kompanjy frijwilligers, en it kommando fan de brigade waard oernommen troch kolonel A.C. de Ruyter van Steveninck. Doe't Van Voorst werom kaam waard er Haad fan in nij Buro fan Oarloch; it buro Organisaaje Generale Stêf.

Inkele moannen nei de oprjochting waard de brigade stasjonearre yn Wolverhampton. De sterkte fan de brigade skommele tusken de 1200 en 3500 man. Augustus 1944, dat in skoft nei D-Day, lâne de brigade mei 1200 Irenemannen te Arromanches yn Frankryk. De P.I.B foel doe ûnder it Kanadeeske 1e Leger oant it fierder opluts mei it Britske 2e Leger. Op 12 augustus die de Brigade mei oan gefjochten by Quistreham en Saint-Côme. Dêr, en letter ek yn Belgje, waard de striid oangien mei de Dútske troepen dy't besochten de alliearden tsjin te hâlden. Teffens die de brigade mei oan Operaasje Market Garden en fjocht sy yn it doarp Zeeland en yn Hedel.

De Brigade wie belutsen by de befrijding fan ûnder oaren de neifolgjende stêden: Eindhoven (18 septimber), Tilburch (25 oktober, mei de 51e (Highland) Infantry Division), De Haach (8 maaie)

Op 13 july 1945 waard de Keninklike Nederlânske Brigade "Prinses Irene" offisjeus ûntbûn; Prins Bernhard ûnderskiede doe it Feandel mei de Militêre Willems-Oarder 4e Klasse en rikte 29 oare dapperheidsûnderskiedingen út, in oantal postúm.

By de Prinses Irene Brigade tsjinnen fierder û.o:

Sjoch ek de List fan fuseliers

Ynvaazjekoarde bewurkje seksje

Alle militêren dy't augustus 1944 yn Normandje lâne binne, hawwe in ynvaazjekoarde krigen. Dy hat de kleuren oranje en blau. De fuseliers fan it Garderezjymint meie de koarde ek drage, sadat de tradysje fuortset wurdt.

Sneuvele bewurkje seksje

Benei fyftich Irenemannen binne omkaam of sneuvele yn of krekt nei de fjildtocht, û.o.

By Bréville op 14/18 aug. 1944:

  • mr. Piet Lammers (1916)
  • Nicolaas den Breejen * (1916)
  • Gerardus Martens (1916)

By St Joris Winge op 6 en 8 aug. 1944:

  • Anthoon Bomte (1914)[1]
  • Anton C. Bijlsma (1919)[2]
  • Korporaal Henk de Groot (1914)[3]

By Boven-Leeuwen op 6 okt. 1944[4]:

  • Marius Kroon (1918)
  • Raymond Arnoti (1914)

By Broekhoven op 25 okt. 1944:

  • W.G. Veerman (1914)
  • Gerardus Dijkstra (1917)
  • Sgt J.C. Buijtelaar (1915)
  • E.L. Alvares (1910)

By Oostkapelle op 9 maart 1945:

  • Theo Burger (1923)
  • David Stenfert Kroeze (19-12-1920)
  • Rudolf Vermeulen (1915)

By Vrouwenpolder op 17 maart 1945:

By Hedel op 25/26 april 1945:

  • R.E. van de Beek (1916)
  • Sgt Heimen Germans (1909)
  • Jan Grotendorst (1922)
  • Pieter Kamp (1921)
  • Sgt Steven Kraaij (1919)
  • Petrus Jacobus Ligtvoet ** (1921)
  • Paul F. Morel (1918)
  • Cees J. Picokrie (1924)
  • Jacob R. Schortinghuis (1923)
  • Romke Smit (1924)
  • Pieter Sprenkeling (1924)
  • J.H. van Veenendaal (1915)

* = ûnderskieden mei it Krús fan Ferstsjinst
** = ûnderskieden mei de Brûnzen Liuw

Underskieding bewurkje seksje

De Prinses Irene Brigade is ien fan de alve ienheden dy't de Militêre Willems-Oarder oan har faandel draagt.

Monuminten bewurkje seksje

 
Plakette yn De Haach

Tradysje bewurkje seksje

By de opheffing fan de Brigade "Prinses Irene" op 13 july 1945 makke Prins Bernhard bekend dat de namme fan brigade fuortlibje soe yn in nij rezjymint, dat waard it 1ste Bataljon Koninklijk Nederlands Regiment Prinses Irene. Nei in pear moannen yn De Haach en gie it bataljon nei Schoonhoven. Yn 1947 waard de Feriening fan Ald Striders fan de Ken.Ned. Brigade Prinses Irene oprjochte. Eltse fiif jier wurdt de feriening troch it stedbestjoer fan De Haach útnûge foar in befrijdingsbetinking.

 
Feteranen by it Irenemonumint

De tradysjes fan de Prinses Irene Brigade libje fierder yn it 17e pantserynfanterybataljon Garderezjymint Fuseliers Prinses Irene, dy't stasjonearre is yn de Generaal Majoor de Ruyter van Steveninck Kazerne yn Oirschot, dat earder it 13e pantserynfanterybataljon Garde Fuseliers Prinses Irene (GFPI) hjitte. De rezjymintskommandant fan no is de batalonskommandant fan it 17e pantserynfantery bataljon Garderezjymint Fuseliers Prinses Irene, luitenant-kolonel Henk de Boer.

De fuseliers binne der elts jier by op Prinsjesdei by de iepening fan de Steaten-Generaal lykas ek in pear feteranen fan de âlde Irene Brigade. Om de fiif jier wurdt de befrijding wiidweidich betocht by de plakette yn De Haach. Prinses Irene is dan ek by de krânslizzing en it defilee.

Literatuer bewurkje seksje

  • Meijler, Hanny S.R (1984): Ik zou weer zo gek zijn: mannen van de Irenebrigade, Bezige Bij, Amsterdam.
  • Smidt, H.A.R. (1991): Koninklijke Nederlandse Brigade Prinses Irene - Garderegiment Fuseliers Prinses Irene 1941-1991, útjûn troch it Garderegiment Fuseliers Prinses Irene, Schalkhaar.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1]
  2. [2]
  3. [3]
  4. [4]