De Prometheus Award is in priis foar romans en novelles yn it libertaryske subsjenre fan 'e science fiction (dat him taspitst op yndividualistyske maatskippijen mei beheining fan 'e steat of sels hielendal sûnder steat). Hy wurdt ienris yn it jier útrikt troch de Amerikaanske Libertarian Futurist Society.

Prometheus Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar libertaryske science fiction-literatuer
útrikt troch Libertarian Futurist Society
frekwinsje 1x jiers
1e útrikking 1979
offisjele webside
lfs.org/awards.shtml

De earste útrikking fûn plak yn 1979, mar pas fan 1981 ôf wurdt de Prometheus Award elts jier takend. Under de skriuwers dy't de priis yn it ferline wûn hawwe, binne: Larry Niven, Jerry Pournelle en Michael Flynn (1992) en Terry Pratchett (2003). Der is ek in Hall of Fame-fariant fan 'e Prometheus Award, dy't (faker al as net postúm) takend is oan û.o.: Robert A. Heinlein (1983, 1987, 1996, 1997, 1998 en 2003), George Orwell (1984 en 2011) en J.R.R. Tolkien (2009).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.