Provinsjes fan Noarwegen

Noarwegen hat in sintraal bestjoer dat yn Oslo sit hat en sûnt 1 jannewaris 2020 ferdield is yn 11 fylker (provinsjes). De bestjoerslaach sit tusken de sintrale oerheid, regear en parlemint (de Storting) en de gemeenten yn. Oslo is tagelyk in provinsje en in stêd. De yndieling yn fylker is sûnt 2018 mear as ien kear feroare. Yn 2018 waarden Nord-Trøndelag en Sør-Trøndelag gearfoege ta Trøndelag. Yn 2020 folge in fierdere weryndieling, en op 1 jannewaris 2024 feroaret de yndieling noch ris om't in tal weryndielingen weromdraaid wurde sille.

Noarske provinsjes mei haadstêden
Noarske provinsjes mei haadstêden

Oersjoch Fylker (provinsjes) bewurkje seksje

De Noarske provinsjes (ynwennertallen 1 jannewaris 2022):
Fylke (provinsje) Haadstêd Ynwennertal
(2022)
Oerflak km² Tal gemeenten Lânsdiel Opm.
Agder Kristiansand 311.134 16.434 25 Sørlandet
Innlandet Hamar 371.253 52.072 46 Østlandet
Møre og Romsdal Molde 265.848 14.356 26 Vestlandet
Nordland Bodø 240.190 38.155 41 Nord-Norge
Oslo Oslo 699.827 454 1 Østlandet
Rogaland Stavanger 485.797 9.377 23 Vestlandet
Troms og Finnmark Tromsø 241.736 74.831 39 Nord-Norge Wurd op 1 jannewaris 2024 wer opsplitst yn twa fylker.
Trøndelag Steinkjer 474.131 42.202 38 Trøndelag
Vestfold og Telemark Skien 424.832 17.466 23 Østlandet Wurd op 1 jannewaris 2024 wer opsplitst yn twa fylker.
Vestland Bergen 641.292 33.871 43 Vestlandet
Viken Moss 1.269.230 24.593 51 Østlandet Wurd op 1 jannewaris 2024 wer opsplitst yn trije fylker.

Neist provinsjes is Noarwegen ek noch yn gruttere geografyske lânsdielen ferparte, sjoch de tabel. Dat is lykwols net bestjoerskundich fêstlein. (Fergelykje Sweedske lânskippen)

Skiednis bewurkje seksje

  • Oant 1662 wie Noarwegen yn len en sysler yndield. Taalkundich binne der noch hieltyd spoaren fan dy yndieling te finen yn hjoeddeiske plaknammen. Yn 1662 waarden lângemeenten, distrikten, kombinearre yn fogderier en amt, dêr't fan ferwachte waard dat se yn beskate maatskiplike belangen bydroegen.
  • 1837: wetten oer it bestjoer fan in gemeente en de opset fan in troch it folk keazen administraasje oannommen, it Amtsting.
  • 1918: De beneamingen wurde feroare fan Amt en Amtsting, nei Fylke en Fylkesting.
  • 1924: Kristiania Fylke wurdt bestjoerlik gearfoege mei Akershus.
  • 1935: Kristiania Fylke wurdt omdoopt ta Oslo Fylke, en Møre ta Møre og Romsdal fylke.
  • 1961: In wet oangeande de fylkeskommuner (provinsjes) wurdt troch it parlemint fan Noarwegen oannommen.
  • 1964: gemeenterieden (en stedsrieden) krije stimrjocht foar de provinsjerieden; harren macht is ôfhinklik fan it tal ynwenners fan de gemeenten/stêden. Fylkesordføreren (keazen troch de gemeenten/stêden) is de foarsitter foar de sittingen fan it bestjoer fan de provinsje, wylst de Fylkesmann troch de steat oansteld wurdt. Noarwegen hat mar 18 Fylkesmenn om't Oslo en Akershus ien Fylkesmenn diele. Gewoanwei wurde dizze twa provinsjes dan ek "De provinsjes fan Oslo en Akershus" neamd. Om it noch yngewikkelder te meitsjen sit op Spitsbergen in troch de Kening beneamde Sysselmann, dy't deselde macht hat as de Fylkesmann.
  • 1968: Bergen Fylke wurdt gearfoege mei Hordaland (Bergen wurdt de haadstêd fan Hordaland).
  • 1976: De posysje fan de provinsje kriget in nije funksje (en plak) yn it lokale bestjoer. Direkte ferkiezingen wurde ynfierd, de Fylkesmann giet út de provinsjeried (Fylkestinget) en is net langer ferantwurdlik foar it tarieden fan de ûnderwerpen derfoar. It bestjoer leit no yn de hannen fan de troch it folk keazen leden.
  • 2018: Nord-Trøndelag en Sør-Trøndelag wurde gearfoege ta de provinsje Trøndelag.
  • 2020: In tal provinsjes wurdt gearfoege:
  • 2024: de provinsjale weryndielingen fan Troms og Finnmark, Viken en Vestfold og Telemark wurd ûngedien makke.

Fylker fan 2018 oant 2020 bewurkje seksje

Fylke (provinsje) Haadstêd Oerflak km² % fan it totale oerflak Lânsdiel
Akershus Oslo 4.917 1,5% Østlandet
Aust-Agder Arendal 9.212 2,8% Sørlandet
Buskerud Drammen 14.927 4,6% Østlandet
Finnmark Vadsø 48.637 15,0% Nord-Norge
Hedmark Hamar 27.388 8,5% Østlandet
Hordaland Bergen 15.634 4,8% Vestlandet
Møre og Romsdal Molde 15.104 4,7% Vestlandet
Nordland Bodø 38.463 11,9% Nord-Norge
Oppland Lillehammer 25.191 7,8% Østlandet
Oslo Oslo 454 0,1% Østlandet
Rogaland Stavanger 9.326 2.9% Vestlandet
Sogn og Fjordane Leikanger 18.619 5,7% Vestlandet
Telemark Skien 15.313 4,7% Østlandet
Troms Tromsø 25.848 8,0% Nord-Norge
Trøndelag Steinkjer 42.202 12,7% Trøndelag
Vest-Agder Kristiansand 7.281 2,2% Sørlandet
Vestfold Tønsberg 2.216 0,7% Østlandet
Østfold Sarpsborg 4.183 1,3% Østlandet

Fylker fan 1976 oant 2018 bewurkje seksje

Fylke (provinsje) Haadstêd Oerflak km² % fan it totale oerflak Lânsdiel
Akershus Oslo 4.917 1,5% Østlandet
Aust-Agder Arendal 9.212 2,8% Sørlandet
Buskerud Drammen 14.927 4,6% Østlandet
Finnmark Vadsø 48.637 15,0% Nord-Norge
Hedmark Hamar 27.388 8,5% Østlandet
Hordaland Bergen 15.634 4,8% Vestlandet
Møre og Romsdal Molde 15.104 4,7% Vestlandet
Nord-Trøndelag Steinkjer 22.396 6,9% Trøndelag
Nordland Bodø 38.463 11,9% Nord-Norge
Oppland Lillehammer 25.191 7,8% Østlandet
Oslo Oslo 454 0,1% Østlandet
Rogaland Stavanger 9.326 2.9% Vestlandet
Sogn og Fjordane Leikanger 18.619 5,7% Vestlandet
Sør-Trøndelag Trondheim 18.832 5,8% Trøndelag
Telemark Skien 15.313 4,7% Østlandet
Troms Tromsø 25.848 8,0% Nord-Norge
Vest-Agder Kristiansand 7.281 2,2% Sørlandet
Vestfold Tønsberg 2.216 0,7% Østlandet
Østfold Sarpsborg 4.183 1,3% Østlandet

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • wikipedy:nl
  • wikipedy:de
  • wikipedy:no