Renske Vellinga (It Hearrenfean, 26 oktober 1974 - Snits, 19 febrewaris 1994) wie in Fryske reedrydster.

Renske Vellinga
persoanlike bysûnderheden
echte namme Renske Vellinga
bertedatum 26 oktober 1974
berteplak It Hearrenfean
stjerdatum 19 febrewaris 1994
stjerplak Snits
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel Langebaan

De dochter fan in feearts helle al op jonge leeftyd goede útslaggen, benammen op de sprintôfstannen 500 en 1000 meter. Yn 1990 die se op 15-jierrige leeftyd foar it earst mei oan de Nederlânske ôfstânskampioenskippen. Se waard doe 13e op de 500 meter. Yn 1992 waard se nasjonaal sprintkampioene by de junioaren.

Yn 1993 helle se brûns op de 500 en sulver op de 1000 meter by de Nederlânske ôfstânskampioenskippen. It jier dêrop ferûngelokke se lykwols op 19-jierrige leeftyd troch in ûngefal mei de auto. Har dea makke in soad emoasjes los by in oantal kollega-rydsters, dy't op dat stuit yn it Noarske Hamar sieten foar de Olympyske Winterspullen. By de Olympyske wedstriden rieden de Nederlanners nei de dea fan Vellinga mei in roubân.

Trivia bewurkje seksje

  • Marianne Timmer, leeftydsgenoate en freondinne fan Vellinga, helle twaris in Olympysk gouden medalje op de stjerdatum fan Vellinga, yn 1998 en 2006.
  • Vellinga wie de freondinne fan reedrider Ids Postma.

Resultaten bewurkje seksje

Jier NK Ofstannen
1993   500m
  1000m
1994 4e 500m
4e 1000m