Rheingauer Dom
De Hillich Krústsjerke (Dútsk: Heilig Kreuzkirche) is in roomsk-katolike parochytsjerke yn Geisenheim yn 'e Dútske dielsteat Hessen. De tsjerke is faaks noch mear bekend as de Rheingauer Dom fanwegen it oansjen fan it gebou; de funksje fan biskopstsjerke hat de dom lykwols nea hân.
Rheingauer dom | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Hessen | |
lânkring | Rheingau-Taunus-Kreis | |
plak | Geisenheim | |
koördinaten | 49° 58' N 7° 58' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Limburch | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Philipp Hoffmann (19e iuwske tuorren) | |
boujier | 1510-1518 gevel mei tuorren 1834-1838 | |
boustyl | Gotyk, neogotyk | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
Side parochy Heilig Kreuz, Rheingau | ||
Kaart | ||
Skiednis bewurkje seksje
De letgoatyske halletsjerke waard yn 'e jierren 1510-1518 boud en ferfong in âldere romaanske tsjerke, dy't foar it earst yn 1146 neamd waard. Nei't yn 1829 de brekfallige oarspronklike romaanske tuorren ôfbrutsen waarden levere de út Geisenheim ôfkomstige boumaster Philipp Hoffmann it ûntwerp foar de neogoatyske ferbouwing yn 'e jierren 1834-1838. Njonken de nijbou fan 'e mear as 46 meter hege tuorren waarden ek de ferwulften fan it skip fernijd.
Ynrjochting bewurkje seksje
Ut it letgoatyske tiidrek datearje de netferwulften fan it koer. Ek it saneamde Trijekeningenalter yn it súdlike sydskip stamt út dat tiidrek. It rike heechalter waard yn 1886 makke. Yn it noardlike sydskip stiet it Marije-alter.
Oargel bewurkje seksje
De tsjerke hat in oargel út 1842 fan 'e bruorren Stumm. It oargel hat 33 registers op twa manualen en pedaal. By in restauraasje is it oargel yn 'e oarspronklike steat werombrocht. In soad registers fan Stumm binne orizjineel bewarre bleaun.
Klokken bewurkje seksje
De tsjerke hat fjouwer klokken, wêrfan trije histoaryske klokken en ien moderne.
- disposysje klokken: cis1 - d1 - e1 - f1
Nû. |
Namme |
Gewicht (kg) |
Ø (mm) |
Schlachtoan (16tel) |
Jitjier |
Jitter |
Plak |
1 | Christus | ± 2500 | 1570 | cis1 -9 | 1401 | ûnbekend | noardlike toer |
2 | St. Martin | ± 1300 | 1300 | d1 -11 | 1631 | Thomas Simon, Mainz | súdlike toer |
3 | St. Josef | 1231 | 1230 | e1 -8 | 1960 | Friedrich Wilhelm Schilling | noardlike toer |
4 | Sta. Maria | ± 800 | 1080 | f1 +2 | 1484 | Heinrich Moller, Frankfurt | súdlike toer |
Ofbylden bewurkje seksje
-
Marijebyld.
-
Byld Sint-Hildegard.
-
Trijekeningen-alter.
-
Marije-alter.
-
Stumm-oargel.
-
Krusigingsgroep.
-
Oargelgalerij.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.
|