Richard Francis Burton

Richard Francis Burton (Torquay (Devonshire, Ingelân), 19 maart 1821Triëst, 19 oktober 1890) wie in Britsk konsul, ûntdekkingsreizger, oersetter, polyglot[1] en oriïntalist. Hy wie ferneamd, lykwols neffens tiidgenoaten 'wreed ferneamd', om syn koppigens en syn nonkonformisme mei de Fiktoriaanske moraal.

Sir Richard Francis Burton
Burton ferklaaid as Mirza Abdullah de Bushri" (1849–50)

Hy fertaalde ûnder oaren Tûzen-en-ien-nacht (The Arabian Nights yn 't Ingelsk), de Kamasûtra en The Perfumed Garden.

Om reden fan grutte talekennis en syn donker úterlik koe Burton sûnder út de toan fallen by ynlanders him bewege yn de foar Jeropeanen eksoatyske wrâlden fan it Midden-Easten en Yndia. Sadwaande wie er ien fan de earste as moslim ferklaaide westerlingen dy't Mekka besocht.

Burton wurdt faak yn ien siken wei neamd mei de Ingelske ûntdekkingreizger John Hanning Speke. Yn 1857 giene sy tegearre út Sansibar wei it East-Afrikaanske ynlân yn mei it doel om de boarnen fan de Nyl te finen. In jier lettter kamen sy by de Tanganjikamar oan. Speke ûntduts de Fiktoriamar. De freonskip tusken de manne bekuolle lykwols, ûnder mear troch skeel oer wat de wiere boarne fan de Nyl wie.

Yn 1861 waard Burton diplomaat, konsul, yn Fernando Po. Hy tsjinne letter ek yn Santos (Brazylje), Damaskus en in Triëst dêr't er yn 1890 stoar.

Burton in de literatuer bewurkje seksje

Yn it sciencefictionboek Riverworld fan Philip José Farmer, dat oer in soarte hjirneimels giet, is Richard Burton ien fan de haadpersoanen; lykwols makke dat persoanaazje hiele oare dingen mei as de wiere Burton. Oare ferneamde figueren yn it boek binne Hermann Göring en Mark Twain. De roman 'De wereldverzamelaar' (Ilija Trojanow, 2006) folget it libben en de reizen fan Burton mear sa't it wie.

Wurk bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fan Wipedia en: Op de ein fan syn libben koe Burton 25 talen – of 40, at dialekten meirekkene wurde