Rijsenburg is in earder doarp dat sûnt 1931 diel útmakket fan de eardere gemeente Driebergen-Rijsenburg yn de provinsje Utert. De gemeente Driebergen-Rijsenburg is mei yngong fan 1 jannewaris 2006 gearfoege mei Amerongen, Doorn, Leersum en Maarn ta de nije gemeente Utertske Heuvelrêch.

Sint Petrus' Bandentsjerke
It Wapen fan Rijsenburg
Poartegebou
Rijssenburg

De gemeente Rijsenburg is yn 1818 losmakke út Driebergen. Sûnt 1850 wiie de boargemaster fan Driebergen ek boargemaster fan Rijsenburg, oant de gearfoeging yn 1931. Rijsenburg wie sa goed as in enklave ynsluten troch Driebergen en besloech nei de gearfoeging 1/13e diel fan it grûngebiet fan Driebergen-Rijsenburg.

Hûs Rijsenburgh bewurkje seksje

Mei de bou fan in wentoer yn de trettjinde iuw is Rijsenburg ûntstien. Yn 1536 wie dy wentoer útgroeid ta in boarch en waard Rijsenburg as ridderhofstêd erkend. Om 1800 hinne waard dat kastiel, mei útsûndering fan it poartegebou út 1635 ôfbrutsen.

It poartegebou waard yn 1985 restaurearre. It rjochthoekige gebou is makke fan bakstiennen en hat in mei pannen dekt skylddak. De poartetrochgong hat in flakke, houten soudering. De poartedoar is fan ikehout.

Efter it poartegebou stiet in pleats, dy't om 1850 boud is op de fûneminten fan in eardere pleats. De kelder hat in stiennen tonferwulft út de Midsiuwen.

Tsjerkeplein bewurkje seksje

De roomsk-katolike Sint Petrus’ Bandentsjerke waard yn 1810 boud troch de arsjitekt Adrianus Tollus yn opdracht fan ambachtshear Petrus Judocus fan Oosthuyse, as ûnderdiel fan in alhiel nij doarp, 2 km fan it doe al net mear besteande kastiel Rijsenburg. De tsjerke komt út de napoleontyske tiid en is de iennige tsjerke yn Nederlân dy't boud is yn Empirestyl. By de tsjerke waarden wen- en koetshuzen boud yn in heale sirkel. Yn 1813 waard foar de tsjerke oer it herberch it Wapen fan Rijsenburg boud. Dat unike tsjerkeplein hat de status fan in beskerme doarpsgesicht.

 
Plakken yn de gemeente Utertske Heuvelrêch
 
Haadplak: Doarn
Doarpen : AmerongenDriebergen-RijsenburgLeersumMaarnMaarsbergenOverberg
Buorskippen: DarthuizenDriebergenRijsenburgSterkenburg