Robert Nivelle (Tulle, 15 oktober 1856Parys, 22 maart 1924) wie in Frânske generaal.

Robert Nivelle yn WO I

Robert Nivelle waard berne yn Tulle yn Frankryk. Hy folge in oplieding oan de École Polytechnique en slagge yn 1878. Dêrnei tsjinne hy as artillery offisier yn YndoSina, Algerije en Sina. Yn oktober 1914 waard hy krekt as Pétain befoardere ta brigadegeneraal.

Begjin 1916 wie hy ien fan de ûnderkommandanten fan Pétain en holp hy om de Dútske oanfal by Ferdun te kearen. Yn maaie 1916 folge hy Petain sels op as kommandant fan it twadde leger by Ferdun. Hy fierde de spesjale artillery technyk yn fan in krûpend fjoerskerm wêrby de ynfantery efteroankaam. Yn oktober 1916 waard dizze technyk brûkt by de oermastering fan fort Douamont. Yn desimber fan 1916 waard hy befoardere as opfolger fan generaal Joseph Joffre. Yn dy funksje sei hy dat de techniken dy’t hy brûkt hie by Ferdun de oarloch beëinigje soe. Hy woe dêrom tastimming hawwe foar in grutte frontale oanfal mei in goeie koördinaasje fan in soad artillery bombardeminten en de technyk fan it trochrinnende fjoer. De Frânske premier Aristide Briant en syn Britske kollega David LIoyd George leauden Nivelle’s ferhalen graach. Op dizze manier krige Nivelle it kommando foar syn oanfal fan de Britske legers en fan de Frânske legers.

Syn plan bewurkje seksje

Nivelle’s plan bestie út in Britske oanfal yn it noarden om de Dútske reserves te lokjen wat folge op in grutte Frânske oanfal op de Saillant Arras-Soissons-Reims. Geheimhâlding wie net Nivelle’s sterkste kant. Hy spruts op in diner yn Londen hûndertút oer de kommende gefjochten. De Dútsers hienen sels in eksimplaar fan it oanfalsplan yn hannen krigen.

De Britske legers foelen earst oan yn de slach by Arras, fan 9 oant 15 april 1917. Dêrnei kaam de grutte Frânske oanfal, de twadde slach fan de Aisne fan 16 april oant ein maaie 1917. De oanfal begûn mei in grut artillery bombardemint fan 11.000.000 granaten. Mar al nei in pear oeren rûn de oanfal fêst. By de oanfal wienen ek tanks ynsetten. Hy hie beloofd de oanfal stop te setten as it net mear gie mar doe’t it drige te mislearjen stjoerde hy noch mear manskippen. Yn de moannen april en maaie ferlearen de alliearden mear as 350.000 man en der stie mar in lyts oantal kilometers terreinwinst tsjinoer. It resultaat wie dat it Frânske leger oproer begûn te meitsjen. Sy fûnen dat de generale stêf fierstente licht neitocht oer in minskelibben.

Nivelle waard ûntslein en desimber oerpleatst nei Noard-Afrika. Philippe Pétain folge him op. Hy moast it moreel fan de troepen stadichoan herstelle. Dêr hie hy de rest fan 1917 foar nedich.

Nei de kriich kaam Nivelle werom nei Frankryk. Hy gie yn 1921 mei pensjoen. Hy ferstoar op 22 maart 1924.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Robert Georges Nivelle fan Wikimedia Commons.