Ronald Hermannes (Ron) Boudrie (De Haach, 6 april 1960) is in eardere Nederlânsk follybalspiler. Hy die twarris mei oan de Olympyske Spullen en wûn dêrby yn totaal yn medalje. Ron Boudrie wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympykse Spullen.

Ron Boudrie
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 6 april 1960
berteplak De Haach
lingte 2,01 m
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. 1988, 1992

Boudrie makke syn Olympysk debút op de Olympyske Spullen fan 1988 yn Seoel. Yn Súd-Korea waard de Nederlânske follybalploech fiifde. Fjouwer jier letter by de Olympyske Spullen fan 1992 yn Barselona waard er mei de Nederlânske ploech twadde efter Brazylje. Yn totaal hat Ron Boudrie 419 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Yn syn aktive tiid as follyballer wie er oansletten by Follybalferiening Martinus yn Amstelveen.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Ynterlannen oersjoch NeVeBo