Ryksdei (Dútslân)

De Ryksdei wie eartiids de namme foar it parlemint fan Dútslân. Op it heden hat de Dútske Bûnsdei (Dútsk: Bundestag) deselde funksje yn it moderne Dútslân.

It Ryksdeigebou dêr't de Ryksdei húsmanne
Gearkomste yn 1874 yn it Prusyske Hearehûs oan de Leipziger Strasse 75
Ryksdeigebou rûn 1900
Gearkomste fan nazys yn Krolloper 1940
Ryksdeigebou nachts yn 2011

De term "Reichstag" is gearstald út Reich (ryk) en tag (gearkomst, fergelykje daagjen). Dat it kin oerset wurde mei 'Ryksfergadering' of 'Ryksgearkomst'.

Ryksdei foar 1867 bewurkje seksje

Yn it Hillige Roomske Ryk bestie oant 1806 al in Ryksdei. Dat wie lykwols gjin parlemint fan folksfertsjinwurdigers, mar in orgaan dêr't de fertsjinwurdigers fan de Dútske foarstendommen en frije ryksstêden byïnoar kamen.
Yn it Dútske Bûn, dy't fan 1814 oant 1866 bestie, wie der in likese gearkomste as yn it Hillige Roomske Ryk. De ferskillende steaten stjoerden harren ôffurdigen nei de Bûnsdei yn Frankfurt. Dat wie in gearkomste fan gesanten dy't fan de besluten fan harren regearen ôfhinklik wiene. De offisjele namme wie Bundesversammlung, mar de namme Bundestag waard ornaris ek brûkt. Yn 1848 kaam der in Nasjonale Gearkomste, ek wol Frankfurter Parlemint neamd, byïnoar. Dy gearkomste besleat yn 1849 ta in grûnwet foar de Dútske bûnsteat. Ek woene hja in parlemint mei Ryksdei as namme foar in parlemint mei twa keamers: it Volkshaus (Folkshûs) en it Staatenhaus (Steatehûs). Dy grûnwet kaam der lykwols net, want de Prusyske kening naam de keizerskroan, dy't him oanbean wie, net oan.

Dútske Keizerryk bewurkje seksje

It Noarddútske Bûn (1867-1871), dat in troch Prusen dominearre steatebûn benoarden de rivier de Main wie, hie in Ryksdei. Dat wie lykwols al in keazen folksfertsjinwurdiging, mar it hie net in soad macht, want de Bûnsried moast de wetten ek noch goedkarje. De Bûnsried fertsjinwurdige de Dútske foarsten en de frije stêden.
It Dútske Keizerryk, dat yn 1871 ûntstean wie, hie lyksa in Ryksdei as parlemint. De Ryksdei hie syn sit yn Berlyn, earst yn it Prusyske Hearehûs en fan 1894 ôf waard it nij boude Ryksdeigebou der foar ornearre. Dat gebou tsjinnet hjoed-de-dei noch hieltyd as Dútsk parlemint. Oars as yn de measte oare lannen, koene hast alle manlju fan 25 jier en âlder stimme. De Ryksdei siet aardich demokratysk yninoar en tegearre mei de Bûnsried waarden der wetten oannaam, mar hie lykwols gjin foech mei it hifkjen derfan. Dat waard troch de keizer (Prusyske kening) dien en de troch him oanstelde Rykskânselier. Under keizer Willem I, dy't net in soad yn de polityk om reage, hie syn kânselier Otto von Bismarck in soad ynfloed. Mar Willem I syn pakesizzer keizer Willem II, dy't bekend stie hieltyd syn sin trochdriuwe te wollen, makke in soad gebrûk fan syn grûnwetlike rjochten. Dêrmei skode er Bismarck oan de kant en stelde er Leo von Caprivi oan. En om't it foech fan de Ryksdei net grut wie, koe Willem II syn besluten oan de polityk oplizze.

Weimarrepublyk bewurkje seksje

De Weimarrepublyk hie in parlemint dat ek Ryksdei hiet. De republyk wie de earste folsleine Dútske demokrasy. De republyk hie in keazen Rykspresidint en folksfertsjinwurdiging yn de Ryksdei. De republyk wie lykwols net stabyl. Yn it tiidrek fan 1919-1924 en fan 1930 ôf wiene der de iene nei de oare krisis en waard gauris om de Ryksdei hinne besluten naam troch machtigingswetten en needferoardeings fan de Rykspresidint.

Nazy-Dútslân bewurkje seksje

Nei't de nasjonaalsosjalistyske NSDAP de macht oernaam yn 1933, bleau de Ryksdei offisjeel noch wol bestean. Nei't Adolf Hitler beneamd wie ta Rykskânselier begûn de Gleichschaltung (lykskeakeling) mei de Ryksdeibrânferoardering en de Machtigingswet fan maart 1933. Mei it yntimidearjen en arrestearjen fan tsjinstanners krige er de mearderheid foar syn machtigingswet dy't bepaalde dat ek it regear wetten meitsje koe. Letter yn dat jier waard de Ryksdei fannijs keazen, dêr't alle leden by de NSDAP hearden. Nei de brân fan de Ryksdei kaam men yn de Kroll Oper byïnoar. Yn 1942 kaam de Ryksdei ûnder lieding fan Hermann Göring foar it lêst byïnoar.

Nei 1945 bewurkje seksje

Dútslân hie gjin parlemint ûnder de Alliëarde besetting. Mei de grûnwet fan de Bûnsrepublyk Dútslân yn 1949 kaam der in nij parlemint dat de Bûnsdei neamd waard. Dat parlemint hie syn sit yn Bonn en kaam sa no en dan byïnoar yn it Ryksdeigebou yn dat doe West-Berlyn wie.
Yn East-Berlyn, de haadstêd fan de DDR wie der in parlemint dat Volkskammer neamd waard. Dit parlemint kaam byïnoar yn it Palast der Republik, dat op it plak fan de eardere Berlynske Stedsslot stie. Dat wie lykwols gjin demokratysk parlemint.
Nei de weriening fan Dútslân wie besletten dat de Bûnsdei nei it âlde Ryksdeigebou ferhûzje soe. De namme fan it gebou waard net Bundestaggebäude (Bûnsdeigebou), mar bleau de âlde namme Reichstaggebäude (Ryksdeigebou) hâlden.

 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Reichstag