De Rynprovinsje (Dútsk: Rheinprovinz), ek wol Rynprusen (Rheinpreußen) neamd, wie de meast westlike provinsje fan Prusen en bestie fan 22 juny 1822 oant 23 augustus 1946.

Rynprovinsje
Rheinprovinz
Provinsje fan Prusen
1822-1946
flagge wapen
Wapen fan it Rynlân
geografyske lokaasje

De Rynprovinsje (read) yn it Keninkryk Prusen yn it Dútske Keizerryk
polityk
lân Prusen (1822-1871)
Dútske Keizerryk (1871-1918)
Weimarrepublyk (1918-1933)
Nazy-Dútslân (1933-1945)
dielsteat Prusen
haadstêd Koblenz
talen Dútsk
foarm provinsje
ûntstien út Gruthartochdom Nederryn
Gulik-Kleef-Berch
opgien yn Noardryn-Westfalen
Rynlân-Palts
Protektoraat Saarlân
no diel fan Noardryn-Westfalen
Rynlân-Palts
Saarlân
Hessen
Belgje
sifers
ynwennertal 6.435.778 (1905)
7.931.942 (1939)
befolkingstichtens 323 /km²
oerflak 24.477 km² (1939)

De haadstêd fan de Rynprovinsje wie Koblenz en hie yn 1939 likernôch 8 miljoen ynwenners.

Geografy bewurkje seksje

De Rynprovinsje grinzge yn it noardwesten oan Nederlân, yn it easten oan de Prusyske provinsjes Westfalen en Hessen-Nassau, en it gruthartochdom Hessen-Darmstadt, yn it súdeasten oan de Palts, in eksklave fan it keninkryk Beieren, yn it suden en súdwesten oan Loataringen en yn it westen oan Lúksemboarch, Belgje en Nederlân.

De lytse eksklave Wetzlar, dy't ynsletten tusken Hessen-Nassau en Hessen-Darmstadt lei, wie ek part fan de Rynprovinsje. It foarstedom Birkenfeld wie dêrfoaroer wer in enklave yn 'e Rynprovinsje fan it gruthartochdom, letter frijsteat Aldenburch. De provinsje Hohenzollern wie in eksklave yn wat hjoed-de-dei Baden-Wuertemberch is en foel formeel ûnder de Rynprovinsje, mar wie winliken in eigen Prusyske provinsje.

Yn 1911 bedroech it totale oerflak fan 'e provinsje 24.477 km², mei in lingte fan noard nei súd fan krapoan 200 km. Op syn breedst wie de provinsje 90 km. De provinsje befette likernôch 200 km fan de rin fan de Ryn, dy't tusken Bingen am Rhein en Koblenz de eastgrins foarme. Fierder rint de Ryn yn noardwestlike rjochting troch de provinsje hinne, dêr't er parallel mei de eastgrins mei rint. De provinsje is hjoed-de-dei part fan de Dútske dielsteaten Noardryn-Westfalen, Rynlân-Palts, Hessen en Saarlân.

De provinsje wie ûnderferparte yn fiif distrikten (Regierungsbezirke) dêr't de stêden Aken, Düsseldorf, Keulen, Koblenz en Trier de haadplakken fan wiene.

Skiednis bewurkje seksje

Nei de delslach fan de Frânske keizer Napoleon yn 1815 krige Prusen neffens it Kongres fan Wenen it Rynlân. It gebiet waard ferparte yn de provinsjes Nederryn en Gulik-Kleef-Berch, dy't yn 1822 gearfoege waarden ta de Rynprovinsje.

De provinsje ferskilde in bot fan de rest fan it benammen agraryske en hierargyske Prusen yn de sin dat er ekonomysk tige modern wie mei in selsbewuste boargerij dy't boppedat foar it grutste part Roomsk-katolyk wie, wylst de rest fan Prusen foar it grutste part protestantsk wie.

Yn 1834 waard de provinsje útwreide mei it foarstedom Lichtenberg dy't fan Saksen-Coburg en Gotha kocht waard. Nei it ynliven fan de foarstedommen Hohenzollern-Simaringen en Hohenzollern-Hechingen kaam yn 1850 it dêr út gearstalde distrikt Sigmaringen by de Rynprovinsje, dat útsein op militêr mêd alle foech fan in eigen provinsje hie. In tredde útwreiding kaam der yn 1937 mei de Grut-Hamburchwet (Groß-Hamburg-Gesetz) doe't it distrikt Birkenfeld, dat earder in eksklave fan Aldenburch wie, nei Prusen ta gie.

Nei de Earste Wrâldkriich waard de provinsje troch alliearde troepen beset. Neffens it Ferdrach fan Versailles moast it Rynlân in demilitarisearre sône wurde dy't as buffer tusken Dútslân oan ien kant en Frankryk, Lúksemboarch en Belgje oan oare kant tsjinje moast. Yn 1920 waard it Saarlân mei in mandaat fan de Folkebûn foar 15 jier ûnder Frânsk bestjoer steld en waarden de distrikten Eupen en Malmedy troch Belgje anneksearre.

Adolf Hitler begûn yn 1936 mei it fannijs militarisearjen fan it Rynlân, dêr't de alliearden, hoeden foar in konflikt mei Dútslân, it mar by gewurde lieten. Fan 1940 oant 1945, yn de Twadde Wrâldkriich, waarden de distrikten Eupen en Malmedy fannijs by de Rynprovinsje foege. Nei de kapitulaasje fan Nazy-Dútslân yn 1945 waard it lân, neffens de Ferklearring fan Berlyn troch de fjouwer alliearde grutmachten yn besettingssônes ferparte.

De Rynprovinsje waard op 5 juny 1945 opheft en de noardlike helte, besteande út de distrikten Aken, Düsseldorf en Keulen, waard de provinsje Noard-Rynlân foarme dy't yn de Britske besettingssône lei. It súdlike part fan de provinsje, besteande út de distrikten Koblenz en Trier, foel ûnder de Frânske besettingssône. Yn 1946 waarden de Prusyske provinsjes opheft en waard it Noard-Rynlân mei de eardere provinsje Westfalen gearfoege ta de dielsteat Noardryn-Westfalen. It Súd-Rynlân waard mei de Beierske Palts, Rynhessen en parten fan Hessen-Nassau feriene ta de dielsteat Rynlân-Palts. Prusen waard op 25 febrewaris 1947 offisjeel opheft.

De Frânsken foarmen op 16 febrewaris 1946 it Protektoraat Saarlân, dy't yn 1957 in eigen dielsteat fan de Bûnsrepublyk Dútslân waard.

Yn Noardryn-Westfalen hat it Landschaftsverband Rheinland (LVR), dat yn 1953 as in regionaal orgaan oprjochte waard, hat hjoed-de-dei noch in redlik grut bestjoerlik foech en kin sjoen wurde as de fuortsetter fan it bestjoer fan de Rynprovinsje. Der is gjin susterorganisaasje yn Rynlân-Palts en it Saarlân.

Demografy bewurkje seksje

De befolking fan de Rynprovinsje wie yn 1905 6.435.778, dêr't 4.472.058 Roomsk-katoliken, 1.877.582 protestanten en 55.408 Joaden fan wiene. De lofterouwer wie foar it grutste part katolyk, wylst de rjochterouwer likernôh de helte fan de befolking protestantsk wie. It fierwei grutste part wiene etnyske Dútsers, wylst yn it noarden fan de Nederryn guon stêden en doarpen mear op Nederlân rjochte wiene. Oan de westlike en súdlike grinzen, benammen yn it Saarlân, wiene lytse Frânsktalige meinskippen, wylst it yndustriële Ruhrgebiet in soad Poalske migranten út de eastlike parten fan it Dútske Ryk húsmanne.

De Rynprovinsje wie it meast tichtbefolke gebiet fan Prusen, mei yn 1939 323 ynwenners de km². De provinsje befette de mear grutte stêden as de oare provinsjes fan Prusen. Likernôh de helte fan de befolking libbe fan de yndustriële en kommersjele sektors en mar krapoan in fearns part fan de befolking libbe fan de lânbou, en benammen fan de wynbou. De Universiteit fan Bonn wie it grutste ûnderrjochtsynstitút..

Bestjoerlike yndieling (sitewaasje yn 1946) bewurkje seksje

 
Distrikten (Regierungsbezirke) yn de Rynprovinsje
 
It Rynlân yn 1905
 
De Hohenzollernske Lannen (Regierungsbezirk Sigmaringen) yn 1930
 
It eardere sit fan it bestjoer fan it Regierungsbezirk Koblenz yn Koblenz; hjoed-de-dei sit fan it Bundesamt für Wehrtechnik und Beschaffung

Regierungsbezirk Aken bewurkje seksje

Stedsdistrikt (Stadtkreis)

  1. Aken

Lânkringen (Landkreise)

  1. Aken
  2. Düren
  3. Erkelenz
  4. Geilenkirchen-Heinsberg
  5. Jülich
  6. Monschau
  7. Schleiden
  8. Eupen (oant 1919 en 1940-1945, dêrtusken en dêrnei part fan Belgje)
  9. Malmedy (oant 1919 en 1940-1945, dêrtusken en dêrnei part fan Belgje)

Regierungsbezirk Düsseldorf bewurkje seksje

Stedsdistrikten (Stadtkreise)

  1. Barmen (sûnt 1929 stedsdiel fan Wuppertal)
  2. Duisburg
  3. Düsseldorf
  4. Elberfeld (sûnt 1929 stedsdiel fan Wuppertal)
  5. Essen
  6. Hamborn (sûn 1929 stedsdiel fan Duisburg)
  7. Krefeld
  8. Mülheim am Rhein (sûnt 1914 stedsdiel fan Keulen)
  9. Mülheim an der Ruhr
  10. München-Gladbach (oant 1929 München-Gladbach, oant 1933 Gladbach-Rheydt, sûnt 1960 Mönchengladbach)
  11. Neuss
  12. Oberhausen
  13. Remscheid
  14. Rheydt (1929-1933 stedsdiel fan Gladbach-Rheydt)
  15. Solingen
  16. Viersen
  17. Wuppertal (sûnt 1930, 1929 Barmen-Elberfeld)

Lânkringen (Landkreise)

  1. Dinslaken
  2. Düsseldorf-Mettmann
  3. Geldern
  4. Grevenbroich-Neuss
  5. Kempen-Krefeld
  6. Kleef
  7. Moers
  8. Rees
  9. Rhein-Wupper

Regierungsbezirk Koblenz bewurkje seksje

Stedsdistrikt (Stadtkreis)

  1. Koblenz

Lânkringen (Landkreise)

  1. Ahrweiler
  2. Altenkirchen
  3. Birkenfeld
  4. Koblenz
  5. Cochem
  6. Bad Kreuznach
  7. Maye]
  8. Neuwied
  9. Sankt Goar
  10. Simmern
  11. Zell

Regierungsbezirk Keulen bewurkje seksje

Stedsdistrikten (Stadtkreise)

  1. Bonn
  2. Keulen

Lânkringen (Landkreise)

  1. Bergheim
  2. Bonn
  3. Euskirche
  4. Keulen
  5. Oberbergisch
  6. Rheinisch-Bergisch
  7. Siegkreis

Regierungsbezirk Trier bewurkje seksje

Stedsdistrikt (Stadtkreis)

  1. Trier

Lânkringen (Landkreise)

  1. Bernkastel
  2. Bitburg
  3. Daun
  4. Merzig-Wadern
  5. Prüm
  6. Saarburg
  7. Trier
  8. Wittlich

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch en:Rhine Province en de:Rheinprovinz

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rynprovinsje fan Wikimedia Commons.