Neist de 7 haadsûnden fan de katolike tradysje binne der ek sân tsjinhingers: de sân deugden, dy't besteane út de fjouwer kardinale deugden en de letter taheakke trije godlike of teologale deugden. Dat binne:

  1. Prudentia: ferstannigens, wiisheid
  2. Iustitia: rjochtfeardigens
  3. Temperantia: selsbehearsking, evenredigens
  4. Fortitudo: moed, trochsettingsfermogen
  5. Fides: leauwe, yn Latynske teksten faak omskreaun as pietas ('fromheid'
  6. Spes: Hope
  7. Caritas: neisteleafde, goeddiedichheid
Allegoryske personifikaasje fan Caritas as in mem mei trije bern (Anthony van Dyck)

In oare list jout dizze sân deugden:

  1. Castitas: keinens
  2. Temperantia: selsbehearsking, evenredigens
  3. Caritas: neisteleafde, goeddiedichheid
  4. Industria: iver, trochsettingsfermogen
  5. Patientia: geduld
  6. Humanitas: freonlikens, begrutsjen
  7. Humilitas: beskiedenheid

De sân deugden binne faak troch keunstners útbyld, ferneamd binne de sân deugden ôfbyld yn de freskos fan Giotto, tegearre mei de 7 haadsûnden, yn de Cappella Scrovegni yn Padua.

De Sân deugden spylje ek in wichtige rol yn de Decamerone fan de Italjaanske skriuwer Giovanni Boccaccio.

De fjouwer kardinale deugden datearje út de klassike âldheid.