Sabershausen is in doarp op in heuvelrêch yn it noardlike diel fan 'e Hunsrück yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It doarp is in Ortsteil fan 'e Ortsgemeinde Dommershausen en leit yn 'e ferbânsgemeente Kastellaun.

Sabershausen

Ortsgemeinde fan Dommershausen.

Sint-Jehannes de Dopertsjerke
Sint-Jehannes de Dopertsjerke
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeente Kastellaun
Sifers
Ynwennertal 391 (2010)
Hichte 357 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 56290
Koördinaten 50° 7' N 7° 24' E
Offisjele webside
www.og-dommershausen.de
Kaart
Sabershausen (Rynlân-Palts)
Sabershausen

By Sabershausen leit de boarne fan 'e 12 km lange Lützbach, dy't westlik yn 'e Mûzel mûnet. Troch it doarp rint it Hunsrück-Mûzel-fytspaad.

Op 17 maart 1974 ferlear Sabershausen syn selstannigens. It doarp waard doe mei trije oare plakken in Ortsteil fan Dommershausen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: