Saipan is in Oseanysk eilân, part fan de regio Mikroneezje. Steatkundich sjoen is it eilân ûnderdiel fan de Noardlike Marianen dy't by de Feriene Steaten hearre. De haadstêd is Saipan dat ek op it eilân leit.

Lizzing Saipan
Saipan fanút de loft besjoen

Saipan is ien fan de fyftsjin piken fan it fulkanyske berchtme dat de eilannekloft de Marianen foarmet. Saipan leit benoarden it eilân Tinian en besuden fan it eilân Farallon de Medinilla. It hat in oerflak fan 122,9 km² en de heechste pyk is 474 meter heech.

Skiednis bewurkje seksje

Saipan is al mear as trijetûzen jier bewenne. Yn 1521 lanne Ferdinand Magellaan op it eilân dat sûnt dy tiid in Spaanske koloanje wie.

Fan 1899 ôf foel Saipan as ûnderdiel fan de Dútske Marianen ûnder Dútsk bestjoer. Yn 1914 ûnder de Earste Wrâldkriich waard it eilân troch de Japanners beset en nei de kriich oan har tawiisd. De Japanners brochten de fiskyndustry en reidsûkerplantaazjes ta ûntwikkeling. Fan de jierren ôf fersterke Japan de militêre oanwêzigens. Yn 1941 wiene der al tritichtûzen Japanske militêren legere. Saipan waard op 15 juny 1944 troch de Feriene Steaten oanfallen, dy't der in loftmachtsbasis fêstigje woene dêr't sy fanút Tokio bombardearje kinne soene mei B-29 Superfortress bommenwerpers. De fûleindige en tige bluoddrige Slach om Saipan einige op 9 july mei de dea fan de lêste trijetûzen Japanske soldaten. Yn totaal kamen tusken de 40- en 55-tûzen Japanners om, ûnder wa goed tolvetûzen boargers. In part fan de Japanners, militêren likegoed froulju as bern, plige selsmoard, troch Banzai! roppend fan in rots yn see te springen. Oan Amerikaanske sneuvelen fiiftûzen soldaten.

Tsjintwurdich hat Saipan goed fyftichtûzen ynwenners. It eilân libbet foar it grutste part fan it toerisme. Op 27 juny 2005 arrivearre de Japanske keizer Akihito op it eilân om de slachtoffers út de Twadde Wrâldkriich te betinken.

Floara en fauna bewurkje seksje

De folgjende sûchdieren komme der foar:

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saipan fan Wikimedia Commons.