Sake Porte (Froubuorren, 29 septimber 1967) is in sportlearaar, direkteur en keatser. Hikke en tein op de pleats yn Froubuorren, gie nei de sportakademy (ALO) yn Grins. Naam op 15 septimber 2002 ôfskie as aktyf keatser by de Aldehoupartij. Waard direkteur fan it eksportbedriuw fan syn heit, dat benammen Latynsk-Amerikaanske lannen as ôfsetgebiet hat.

Sake Porte

It earste súkses fan de linkshannige Porte yn de haadklasse, doe noch earste klasse, op 28 maaie 1987 yn Tsjummearum. Op dy ôfdielingspartij helle er de twadde priis mei Piet Jetze Faber en Eelke Idsardi. Spile yn syn begjintiid mei Joop Bierma en Hotze Rusticus en Simon Minnesma en Klaas Anne Terpstra. Yn de njoggentiger jierren spile er ek mei Johan Okkinga en Pieter Tienstra en yn in formaasje mei Johan Okkinga en Auke van der Graaf en syn lêste formaasje wie mei Johannes Dijkstra en Auke van der Graaf.

Yn de kategory Sport krige it programma Boppeslach fan Omrop Fryslân mei in reportaazje oer it ôfskied fan Sake Porte de NL-Award (2002), in priis foar regionale telefyzjeprograma's.

Prizen bewurkje seksje

Porte wûn de PC foar it earst yn 1989 en stie letter fiif jier efter elkoar yn de finale fan de PC (yn totaal 8x), 1995 o/m 1999. Hjirfan waard fjouwer kear wûn: 1995, 1996, 1998 en 1999. Wûn yn 1987 de Bûnswedstriid foar keatsferiening Froubuorren en yn 1994, 1995, 1998 en 2002 foar keatsferiening 'Wezon de Sterke Earm' út Grins. Foar it ivich keatsklassemint helle Sake 590 punten en 14 keningsskippen.

  • 1987 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1988 Bûnspartij senioaren / NK 5e priis
  • 1989 PC 1e priis
  • 1990 PC 2e priis
  • 1991 Bûnspartij senioaren / NK 2e priis
  • 1993 PC 3e priis
  • 1994 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1995 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1995 PC 1e priis
  • 1996 Bûnspartij senioaren / NK 4e priis
  • 1996 PC 1e priis
  • 1997 Bûnspartij senioaren / NK 2e priis
  • 1997 PC 2e priis
  • 1998 Bûnspartij senioaren / NK 1e prijs
  • 1998 PC 1e prijs
  • 1999 Bûnspartij senioaren / NK 3e priis
  • 1999 PC 1e priis
  • 2001 PC 2e priis
  • 2002 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 2003 Bûnspartij senioaren / NK 2e priis

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: