Salma Hayek
Salma Valgarma Hayek Jiménez (Coatzacoalcos, 2 septimber 1966) is in yn 'e Feriene Steaten wenjend en wurkjend Meksikaansk aktrise dy't yn mear as 30 Hollywood-films spile hat. Har heit komt út Libanon, en har mem út Meksiko.
Libben en karriêre bewurkje seksje
Op har tolfde waard sy nei Louisiana yn de Feriene Steaten nei in katolike skoalle stjoerd, mar doe't se dêr ôfstjoerd waard, kaam hja by in muoike yn Houston te lâne. Letter hat hja in stúdzje yn Meksiko ôfbrutsen om aktrise te wurden, tsjin it sin fan har âlden. Hayek hat ferhâldings mei akteur Edward Norton (1999- 2003) en akteur Josh Lucas (2003-2004) hân. Hja is goed befreone mei Antonio Banderas, Robert Rodriguez, Ashley Judd en Penélope Cruz.
Filmografy bewurkje seksje
Film bewurkje seksje
|}
Telefyzje bewurkje seksje
Trivia bewurkje seksje
Salma Hayek wûn op 2 maart 2007 de ferkiezings foar de moaiste boarsten. De priis waard útrikt troch Mrskin.com.
Hja is op 14 febrewaris 2009 yn Parys troud mei de Frânsman François-Henri Pinault en op 25 april 2009 trouden se foar de twadde kear, doe yn Feneetsje. Se hawwe in dochter, Valentina Paloma Pinault, berne op 21 septimber 2007.
Keppeling om utens bewurkje seksje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Salma Hayek fan Wikimedia Commons. |