Salvator Mundi (Latyn foar "Ferlosser fan 'e Wrâld) is in titel foar Jezus Kristus.

Monumento al Divino Salvador del Mundo, San Salvador

Ikonografy bewurkje seksje

Yn 'e kristlike ikonografy is de foarstelling fan Salvator mundi in byldtype út de lette midsiuwen. Kristus hâldt de rjochter hân omheech om te segenjen, wylst yn 'e lofter hân in mei in krús bekroande ryksappel holden wurdt.

De kûgel symbolisearret it bewâld fan Kristus oer de wrâld en wurdt, as ferwizing nei de Trije-ienheid, yn 'e regel yn trije dielen ferdield. Sûnt de renêssânse wurdt Kristus ek fakentiden mei in keningskroan útbylde.

Kristus wurdt yn it byldtype fan Salvator Mundi meast fanôf de middel ôfbylde. As Kristus hielendal ôfbylde wurdt, binne oan wjerskanten ek fakentiden de apostels mei in bân mei in spreuk der op te sjen, dy't ferwiist nei de ferlossing fan 'e wrâld.

Fan in foarstelling fan Salvator Mundi waard op in feiling yn 2017 troch Christie's yn New York 450,3 miljoen USD bean, de heechste priis dy't ea foar in skilderij betelle wie. It skilderij wurdt foar in part of hielendal taskreaun oan Leonardo da Vinci en waard oankocht troch de Saûdyske prins Mohammed bin Salman.

Patroasinium bewurkje seksje

De Lateranenbasilyk út de tiid fan Konstantyn de Grutte wie oarspronklik oan Salavator Mundi wijd. Sûnt de 8e iuw rekke Salvator Mundi by de Karolingyske keizers populêr. Tsjintwurdich drage in soad tsjerken oer de hiele wrâld de namme Salvator Mundi. Ek de oarder fan 'e Societas Divini Salvatoris, de Salvatorianen, hat him ûnder it patroasinium fan 'e Ferlosser fan 'e Wrâld steld.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Salvator Mundi