Seahenge of Holme I is in monumint út de brûnstiid. It waard yn 1998 ûntdekt oan de kust fan it Ingelske greefskip Norfolk, by Holme-next-the-Sea.

Seahenge lei tûzenen jierren bedobbe yn feangrûn en is no troch de see bleatlein. Trochdat it doe in oanrekking mei lucht kaam, wie der de driging fan ferrotsjen. Der waard besletten ta archeologysk ûndersyk en it monumint dêrnei te konservearjen. Fan Seahenge waarden 55 lytse spjalten iken stammen fûn, dy't yn in 6 by 7 meter brede rûge sirkelfoarm delset wienen. Yn it sintrum wie in 167 jier âlde kapte iik omkeard yn de grûn set. Dendrogronologysk hat útwiisd dat de beammen yn de maitiid of simmer fan 2049 foar Kr. omkapt binne.

Der wurdt wol tocht dat Seahenge in soarte fan mortuariumfunksje hân hat, in plak foar ûntbining fan liken.

De opgraving hat in soad omtinken fan de media hân, mei troch protesten fan de pleatslike befolking dy't dit stik erfguod foar de eigen krite behâlde woe. Nei in konservearingsproses dat lang duorre hat, is Seahenge sûnt 2008 opsteld yn it Lynn Museum yn King's Lynn, Ingelân.

In pear hûndert meter fan Seahenge ôf waard noch in houten sirkel ûntdutsen (Holme II), dy't wol in situ holden is en oan waar en wyn oerjûn is.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje