Seksuele oantaasting

(Trochferwiisd fan Seksuële oantaasting)

Seksuele oantaasting (Nederlânsk: aanranding; offisjeel: aanranding der eerbaarheid) is in misdriuw wêrby't men immen tsjin dyjinge syn wil twingt om in ûntuchtige hanneling te ûndergean of te ferrjochtsjen. Gauris komt it dêrby del op it oanreitsjen of oanreitsje litten fan 'e geslachtsdielen, mar ek immen tútsje of jin tútsje litte troch immen sûnder dat dyjinge dat wol, falt ûnder seksuele oantaasting. De grins mei ferkrêfting leit oer it algemien by it binnenkringen fan it lichem fan it slachtoffer of it twingen fan it slachtoffer om jins eigen lichem binnen te kringen. Sadwaande foel in tongtút, wêrby't men ommers mei de tonge it lichem fan 'e oare binnengiet, foarhinne neffens de Nederlânske wet ek ûnder ferkrêfting, mar sûnt maart 2013 wurdt foar dat relatyf ûnskuldige fergryp in útsûndering makke, en falt tongtútsjen ûnder seksuele oantaasting. Der stiet yn Nederlân op seksuele oantaasting op syn heechsten acht jier finzenisstraf.

It Iepenbier Ministearje besiket soms om ek saken wêrby't gjin fysyk kontakt plakfûn hat ûnder seksuele oantaasting te beflappen. As bygelyks in frou topless op it strân of neaken yn in dûsromte fotografearre wurdt, al of net mei in ferburgen kamera, dan wurdt somtiden redenearre dat it slachtoffer sasear kwetst wurdt yn har seksueel skamtegefoel, dat dêrtroch de hanneling ûnder seksuele oantaasting falle soe. Ek sûnder in ferklearring fan it slachtoffer, bygelyks om't dy anonym bleaun is, soe soks oannommen wurde kinne, mei't hja troch de feitlikheid fan it meitsjen fan 'e foto twongen is ta it duldzjen fan sa'n soarte hanneling. Dit is lykwols gjin útmakke saak, en der rinne noch prosessen oangeande de fraach wannear't in hanneling seksuele oantaasting ymplisearret. De ferdigening soe yn it boppeneamde foarbyld bygelyks oanfiere kinne dat foyeurisme in grouwélige oantaasting fan 'e privacy is, mar gjin seksuele oantaasting.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.