Shakespeariaansk auteurskipsdebat

It Shakespeariaansk auteurskipsdebat is de ûnienichheid ûnder saakkundigen oer de fraach oft immen oars as William Shakespeare fan Stratford-upon-Avon soms de auteur is fan it oeuvre oan toanielstikken en gedichten dat hjoed de dei oan him taskreaun wurdt. Anty-stratfordianen (in sammelterm foar de oanhingers fan ûnderskate alternative auteurskipsteoryen) wolle hawwe dat Shakespeare in strieman wie dy't de identiteit fan 'e wiere, anonime skriuwer beskermje moast, mei't dy om 'e iene of oare reden gjin publike belangstelling hawwe woe.

In stânbyld fan William Shakespeare yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest.

Hoewol't dizze diskusje in protte publike belangstelling lutsen hat, wurdt it leauwen yn alternatyf auteurskip troch frijwol alle Shakespeare-kenners beskôge as in nuveraardich râneferskynsel (ferlykber, miskien, mei it leauwen yn fleanende skûtels), dêr't hja it bestean inkeld fan erkenne om 'e bewearings fan 'e anty-stratfordianen te wjerlizzen of yn diskredyt te bringen. Dizze diskusje stiet trouwens alhiel los fan 'e fraach hokker toanielstikken en gedichten fan Shakespeare oft ta syn kanon hearre, en hokker oft (noch) ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene wurde.

Skiednis en oare kandidaten bewurkje seksje

It auteurskip fan Shakespeare fan syn kanon waard foar it earst yn 'e kiif steld yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw, doe't de ferearing fan Shakespeare as de grutste skriuwer dy't ea libbe hie, wiid ferspraat rekke wie. It liek doe guon lju ta dat Shakespeare syn biografyske gegevens, yn it bysûnder syn frij sljochtwei komôf en syn obskuere libbensrin, net te ferienjen wiene mei syn foaroansteande status as dichter en syn reputaasje as literêr sjeny, sadat hja erchtinkend waarden en har ôffregen oft Shakespeare wol echt de skriuwer fan syn oeuvre wêze koe. Ut dizze kontroverse is sûnt in ûnbidich stik literatuer fuortkommen, en der binne wol 80 kandidaten foar it wiere auteurskip fan 'e Shakespeariaanske kanon oppenearre. De meast neamde fjouwer binne: de abbekaat, wittenskipper en filosoof sir Francis Bacon; Shakespeare syn kollega-toanielskriuwer en -dichter Christopher Marlowe; de ealman en toanielfinansier William Stanley, greve fan Derby; en de ealman, dichter en grutkeamerhear Edward de Vere, greve fan Oxford.

Arguminten foar en tsjin bewurkje seksje

Oanhingers fan 'e alternative kandidaten wolle hawwe dat harres in wierskynliker auteur foar it Shakespeariaanske oeuvre is, en dat Shakespeare sels it ûnderwiis, de aristokratyske gefoelichheden en/of de fertroudheid mei it Keninklik Hôf miste dy't sy yn syn wurk miene te bespeuren. De mainstream-Shakespeare-saakkundigen dy't op sokke oantigings reägearre hawwe, lizze dêrtsjinyn dat biografyske ynterpretaasjes fan literatuer yn 'e regel folslein ûnbetrouber binne foar it taskriuwen fan auteurskip, en tsjutte boppedat oan dat it dokumintêr bewiis dat brûkt wurdt om it Shakespeariaansk auteurskip te ûnderstypjen (taskriuwings op titelsiden, tsjûgenissen troch kontemporêne toanielskriuwers en histoarisy, offisjele argyfstikken) itselde is as foar alle oare taskriuwings fan wurk oan auteurs út 'e Elizabetaanske Tiid. Foar gjin inkele oare kandidaat bestiet sok direkt bewiismateriaal, en Shakespeare syn auteurskip wie yn syn eigen tiid en iuwen dêrnei ûnbefrege.

De diskusje hâldt oan bewurkje seksje

Nettsjinsteande de konsensus dy't der ûnder de grutte mearderheid fan 'e akademyske saakkundigen op dit mêd bestiet (ntl. dat Shakespeare de skriuwer is en dat it yn 'e kiif stellen fan syn auteurskip klearebare ûnsin is), hâldt in relatyf lyts mar tige sichtber en lûdroftich ferskaat oan oanhingers, guon foaroansteande bekende persoanen ynbegrepen, it Shakespeariaanske auteurskipsdebat geande. Hja sette harren yn foar de erkenning fan dizze diskusje as in legitym mêd fan wittenskiplik ûndersyk en foar de akseptaasje fan dizze of jinge fan 'e altenative kandidaten.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater