Sherlock Holmes (útspr.: [ˈʃɜː(ɹ)lɔk ˈhoʊmz], likernôch "sjuh(r)-lok hoomz") is in wiidferneamd fiktyf privee-detektive út 'e koarte ferhalen en in hantsjefol romans fan 'e Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle. Yn 'e ferhalen ferwiist Holmes nei himsels as in "riejaand detektive". Hy stiet bekend om in suver wol ensyklopedyske kennis en in talint foar waarnimming, forinsyske wittenskip en logyske riddenearring dy't grinzget oan it fantastyske. Mei dokter Watson as syn selskipsman, hantlanger en biograaf docht er foar partikuliere kliïnten en de Londenske plysje fan Scotland Yard ûndersyk nei moarden en oare misdriuwen dy't gjin oar oplosse kin. Sherlock Holmes waard nei syn yntroduksje yn 1887 alderraarst sa populêr. Doe't Doyle syn protagonist yn 1893 stjerre liet, late dat ta sa'n algemiene en oanhâldende ûntsteltenis ûnder de lêzers dat er min ofte mear twongen waard om Holmes yn 1901 wer nij libben yn te blazen. Yn 'e tweintichste iuw waarden withoefolle films, tillefyzjesearjes en adaptaasjes ta oer media oer Sherlock Holmes makke, mei't de populariteit fan it personaazje nea belune. Tsjintwurdich wurdt yn 'e Westerske popkultuer immen dy't foar de hân lizzende dingen seit as bringt er grut nijs wol op sarkastyske wize mei "Sherlock" oansprutsen.

Sherlock Holmes
personaazje út 'e Sherlock Holmes-searje
Sherlock Holmes op in yllustraasje út 1904 fan Sidney Paget.
Sherlock Holmes op in yllustraasje út 1904
fan Sidney Paget.
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Britsk
berop/amt privee-detektive
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
dokter Watson
Mycroft Holmes
ynspekteur Lestrade
Irene Adler
professor Moriarty
attributen piip
deerstalker (pet mei 2
   kleppen, foar en efter)

fergrutglês
fioel
geastlike heit sir Arthur Conan Doyle
ûntstean 1887
Dizze side giet oer it fiktive personaazje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sherlock Holmes (betsjuttingsside).

Namme bewurkje seksje

De efternamme fan Sherlock Holmes is in frij algemiene Ingelske namme dy't as ien wurdlid útsprutsen heart te wurden: [ˈhoʊmz], likernôch: "hoomz". (En dus net as "hol-mes".) Syn foarnamme is lykwols tige apart en komt frijwol nearne oars foar. De foarnamme wurdt útsprutsen as [ˈʃɜː(ɹ)lɔk], likernôch "sjuh(r)-lok", wêrby't it fan it komôf fan 'e sprekker ôfhinget oft de r útsprutsen wurdt: yn it Britsk-Ingelsk wurdt dy weilitten, mar yn it Amerikaansk-Ingelsk wurdt er útsprutsen.

 
Sir Arthur Conan Doyle (1859-1930), de geastlike heit fan Sherlock Holmes.

Ynspiraasje bewurkje seksje

Sherlock Holmes syn geastlike heit, sir Arthur Conan Doyle, liet him by de beskriuwing fan it personaazje ynspirearje troch syn learaar by syn stúdzje genêskunde, Joseph Bell. De opset fan 'e ferhalen wie lykwols in neifolging fan 'e koarte ferhalen dy't de Amerikaanske auteur Edgar Allen Poe skreau oer in oare bekende fiktive detektive, C. Auguste Dupin (yntrodusearre yn 1841). In oar mooglik foarbyld wie Maximilien Heller, in detektive yn Parys dy't, sechstjin jier foarôfgeande oan 'e publikaasje fan it earste ferhaal oer Sherlock Holmes, troch de Frânske skriuwer Henry Cauvain ôfskildere waard as in deprimearre, asosjale, opiumsmokende alleswitter (in omskriuwing dy't ek fierhinne fan tapassing is op Holmes). It is net bekend oft Doyle de roman Maximilien Heller lêzen hat, mar hy spriek yn elts gefal floeiend Frânsk. Lykas Poe ek die, spjalte Doyle syn haadpersoan (en alter ego) op yn twa personaazjes: de detektive dy't de riddenearrings fan 'e skriuwer staljout en syn selskipsman, it ik-figuer, oan wa't de detektive dy riddenearrings allegeduerigen útlizze moat, sadat er dêr mei-iens ek de lêzer dielgenoat fan makket. Itselde stramyn waard ek troch ferskate neifolgers fan Doyle brûkt.

Persoanlikheid bewurkje seksje

Sherlock Holmes wurdt troch syn selskipsman en biograaf dokter Watson (it alter ego fan harren beider geastlike heit sir Arthur Conan Doyle) omskreaun as in bohémien yn syn dwaan en litten en syn libbensstyl. Hoewol't er in "kat-eftige" leafde foar persoanlike hygiêne hat, is er ien fan 'e sloarderichste persoanen dy't Watson ea met hat, dy't alles altyd oeral mar omtommelje lit en nea ôfstoffet of húshimmelet. Ek op oare manearen is er eksintryk. Hy jout neat om wat oare lju fan him tinke en is faak bot op it asosjale ôf. De lang pleage Watson hat hiel wat mei him te stellen.

 
Plakkette oan 'e muorre fan 221B Baker Street yn Londen, de fiktive wente fan Sherlock Holmes en no it adres fan it Sherlock Holmes Museum.

Holmes stiet bekend om in suver wol ensyklopedyske kennis en in talint foar waarnimming, forinsyske wittenskip en logyske riddenearring dy't grinzget oan it fantastyske. By in ûndersyk dêr't er al syn ûnderfining foar nedich is, fleuret er op. Hy hat de flêr fan in showman, wêrby't er syn metoaden en bewiismateriaal faak geheim hâldt oant it lêst mooglike momint, as er dermei foar 't ljocht komme kin op in wize dy't de measte yndruk op syn taharkers makket. Syn útlis begjint er faak mei de wurden "Elementary, my dear Watson" ("Ienfâldich, myn bêste Watson"). (Dat is trouwens in útfynsel fan lettere Holmes-auteurs, mei't dy útspraak yn it wurk fan Doyle net foarkomt.) Fierders hat er gjin muoite mei ligen tsjin 'e plysje of it ynbrekken yn wenten as dêr foar syn ûndersyk ferlet fan is. As er mei in drege saak ompakt, hâldt Holmes soms op mei iten, om't it ferstân neffens him taskerpet as it úthongere wurdt. Ek giet er wol sitten te fioelspyljen as er djip neiprakkesearje moat.

Ut en troch brûkt Holmes ferslaavjende drugs, benammen as er al in hoart gjin stimulearjende saken mear hân hat om te ûndersykjen. Dêrby brûkt er itsij morfine, itsij kokaïne (beide legaal yn it njoggentjinde-iuwske Ingelân). As dokter kart Watson dat sterk ôf en sit er yn oer it effekt fan 'e drugs op 'e geastlike sûnens en it bysûndere yntellekt fan Holmes. Hy kriget Holmes op in stuit safier dat er de drugs gewurde lit, mar Watson merkt op dat de ferslaving fan syn freon "net dea [is], mar inkeld sliept".

 
It stânbyld fan Sherlock Holmes mei de karakteristike deerstalker (pet) en Inverness cape (mantel) yn Edinburgh, it berteplak fan syn geastlike heit Arthur Conan Doyle.

Foar froulju oer nimt Holmes in hâlding oan dy't foar it meastepart as negatyf beskreaun wurde kin. Hy jout sels ferskate kearen ta dat er froulju net begrypt en it logyske gefolch is foar him dat er harren nea echt fertrouwe kin. Yn The Adventure of the Lion's Mane skriuwt er: "Froulju haw ik my mar komselden ta oantrokken field, want myn ferstân hat altyd regearre oer myn hert." Watson merkt lykwols op dat Holmes njonken syn ôfkear fan froulju in tige hoaske manear hat om mei harren om te gean: "Hy mocht net oer harren sekse en fertroude harren net, mar hy wie altyd in ridderlike tsjinstanner." Fan gefolgen meie froulju, iroanysk genôch, Holmes oer it algemien graach lije. Mar ien frou hat Holmes grut respekt foar, en dat is Irene Adler, in Amerikaanse dy't foarhinne operasjongster en aktrise wie. Hja komt mar yn ien ferhaal foar, A Scandal in Bohemia, mar mei't se ien fan mar in hantsjefol minsken en de iennichste frou is dy't Sherlock Holmes op syn eigen terrein ferslane, hat se letter faak it ûnderwerp west fan ferhalen oer Holmes troch oare auteurs as Doyle en teffens fan senarioskriuwers.

Attributen bewurkje seksje

De attributen dy't it meast mei Sherlock Holmes assosjearre wurde, binne syn piip en de deerstalker dy't er as holdeksel draacht. In deerstalker (letterlik: "hartebeslûper") is in pet mei twa kleppen, ien fan foarren en ien fan efteren. Sokke holdeksels wiene assosjearre mei jagers, dêrfandinne de namme. Mooglik dat Holmes ien draacht om't er sels op syn eigen wurkmêd ek in jager is. Dêrnjonken draacht Holmes bûtendoar faak in Inverness cape, in koart manteltsje oer syn oerjas hinne, dat mar oan 'e mul ta rikt, by de kiel slút en gjin mouwen hat. In fergrutglês hat de privee-detektive ek altyd by de hân.

 
It buro fan Sherlock Holmes yn it Sherlock Holmes Museum yn Londen.

Fiktive biografy bewurkje seksje

Komôf en famylje bewurkje seksje

De details oer it libben fan Sherlock Holmes foarôfgeande oan syn aventoeren as privee-detektive binne krap yn 'e koarte ferhalen fan sir Arthur Conan Doyle. Yn augustus 1914 is er sechstich jier, wat betsjutte moat dat er berne is yn 1854. Oer syn âldelju is neat bekend, mar wol merkt Holmes in kear oer syn "foarâlden" op dat dyselden "lânjonkers" wiene. Ek beweart er in kear dat in beppe fan sines de suster wie fan 'e Frânske keunstner Vernet. Dat soe betsjutte dat er fan mingd Ingelsk en Frânsk etnysk komôf is. It wurdt lykwols net fertsjutske oft er it oer Claude Joseph Vernet, Carle Vernet of Horace Vernet hat.

Holmes hat in âldere broer dy't Mycroft hjit, mei wa't er sân jier skeelt. Mycroft wurket by de Britske amtnerij, dêr't er in unike posysje beklaait as in soarte fan minsklik neislachwurk oer alles dat mei regear en behear te krijen hat. Neffens Holmes is Mycroft yntelliginter as hysels en beskikt er oer mear kennis as hysels, mar hat er alhiel gjin belangstelling foar lykwolwat dat him lichaamlike ynspanning kostje soe. Hy jout der de foarkar oan om syn tiid troch te bringen yn 'e Diogenes Club, in deftige heareklub yn Londen.

 
Stânbyld fan Sherlock Holmes yn Meiringen, yn Switserlân.

Begjin as detektive bewurkje seksje

Neffens Holmes sels ûntjoech er syn metoaden fan observaasje en riddenearring foar it earst doe't er noch studint wie. Syn ierste saken, dy't er ûndersocht as amateur, kamen fan oare studinten oan 'e universiteit. Troch in moeting mei de heit fan in stúdzjegenoat kaam er ta it beslút om privee-detektive fan berop te wurden.

Partnerskip mei dokter Watson bewurkje seksje

As er seis jier as detektive wurket, moetet Holmes foar it earst John Watson, in âld-legerdokter yn it Britsk-Yndysk Leger en in feteraan út 'e Twadde Britsk-Afgaanske Oarloch. Mei him rekket er goed befreone, wêrnei't Watson syn fêste selskipsman en hantlanger wurdt, mar ek syn biograaf, dy't ferslaggen fan harren saken tegearre optekenet en publisearret. (De koarte ferhalen oer Holmes fan sir Arthur Conan Doyle binne foar it meastepart eins ramtferhalen dy't skreaun binne út it perspektyf fan Watson wei en mei Watson as ik-persoan.) Holmes bekritisearret Watson syn ferslaggen ferskillende kearen as "sensasjoneel" en "populistysk", en fynt dat se syn saken net akkuraat en objektyf genôch beskriuwe. Nei't er sels lykwols inkele saken optekene hat, moat Holmes tajaan dat it noch net sa maklik is om akkuratens te ferienjen mei in goed rinnend ferhaal.

 
Sherlock Holmes (rj.) en dokter Watson yn in treinkûpee op in plaatsje fan Sidney Paget by it ferhaal The Adventure of Silver Blaze.

De freonskip tusken Holmes en Watson is de iennichste wichtige relaasje yn it libben fan Holmes. Nettsjinsteande Holmes syn faak botte en noartske wize fan hâlden en dragen, jout er wol deeglik wat om syn selskipsman. As Watson op in stuit ferwûne rekket troch in kûgel, al is it mar in skampskot, skriuwt er letter dat er op dat stuit yn 'e reäksje fan Holmes in flechtich momint lang "in grut hert" seach dat "it grutte ferstân" folslein makket. Holmes seit neitiid tsjin 'e skutter dat dyselde it fertrek net libben ferlitten hawwe soe as er Watson mei syn kûgel deadien hie.

Wurkpaad as privee-detektive bewurkje seksje

Omreden fan jildkrapte wenje Holmes en Watson op keamers op 221B Baker Street yn Londen, dêr't harren húshâlding berêden wurdt troch harren hospita, frou Hudson. Tegearre binne Holmes en Watson santjin jier oan it wurk as detektives. De kliïntêle fan Holmes rint útinoar fan rike aristokraten en yndustriëlen oant ferearmoede lommerts en gûvernantes. As ynformanten set Holmes gauris in espel strjitjonges yn dy't er de Baker Street Irregulars ("Ungeregelde Troepen fan Baker Street") neamt.

 
De sitkeamer fan Sherlock Holmes yn it Sherlock Holmes Museum yn Londen.

Oan it begjin fan it earste ferhaal is de namme fan Holmes inkeld bekend yn fermiddens fan oare detektives, mar wurket er dochs al gear mei de Londenske plysje fan Scotland Yard, ornaris yn 'e persoan fan ynspekteur Lestrade. Troch de publikaasje fan 'e ferslaggen skreaun troch Watson wurdt Holmes almar ferneamder. De rop dy't fan syn reputaasje giet, nimt sokke foarmen oan dat bûtenlânske keningen en regearings him op in stuit begjinne yn te hieren. In premier en sels de kening fan Bohemen komme persoanlik op 221B Baker Street op besite om syn help yn te roppen, de presidint fan Frankryk kent him it Légion d'Honneur ta by wize fan tank, en twaris wurket Holmes yn opdracht fan it Fatikaan. Ek wurket Holmes ferskate kearen foar it Britske regear yn saken wêrby't de nasjonale feilichheid faai stiet. Hy betanket lykwols foar de ear om ta ridder slein te wurden "foar tsjinsten dy't miskien ienris beskreaun wurde sille".

It Grutte Hiaat bewurkje seksje

De earste lichting Sherlock Holmes-ferhalen waard tusken 1887 en 1893 troch sir Arthur Conan Doyle publisearre yn it tydskrift The Strand Magazine. Doyle wie lykwols de miening tagedien dat "myn literêre enerzjy net tefolle yn ien kanaal laat wurde moat," dat nei seis jier fûn er it moai west. Yn it ferhaal The Final Problem (publisearre yn 1893 mar spyljend yn 1891) liet er Holmes stjerre yn in klimaktyske wrakseling yn Switserlân mei syn aartsfijân, professor Moriarty, wêrby't se tegearre oer de râne fan 'e Reichenbachwetterfal stoarte.

 
Holmes en syn aartsfijân professor Moriarty kneppelje al fjochtsjend oer de râne fan 'e Reichenbachwetterfal yn Switserlân. (Yllustraasje fan Sidney Paget.)

De reäksjes fan it lêzerspublyk kamen Doyle lykwols raar oer it mad. Oerstjoere fans fan Holmes skreaune The Strand Magazine fol mei ynstjoerde brieven fol smert en roubeklach en it tydskrift rekke yn 'e swierrichheden doe't 20.000 minsken út protest harren abonnemint opseine. Doyle sels ûntfong ek withoefolle lulke brieven wêryn't lêzers him de mantel útfeegden. De publike reäksje oer de dea fan Sherlock Holmes wie wat dat noch nea earder foarkommen wie yn ferbân mei fiktive foarfallen. Der wurdt sels sein dat Londeners sa drôf wiene oer de dea fan Holmes, dat se roubannen om 'e earm droegen, mar dêr is gjin kontemporêne boarne foar (de ierst bekende fermelding fan dat barren datearret út 1949).

Nei't er acht jier lang de publike druk wjerstien hie, joech Doyle lang om let ta, wat ek te krijen hie mei syn persoanlike finansjele swierrichheden, en skreau er de roman The Hound of the Baskervilles, dy't yn 1901 en 1902 as fúljeton yn The Strand Magazine publisearre waard. De foarfallen út dat boek spylje foàr Holmes syn dea. Mar yn 1903 publisearre Doyle it ferhaal The Adventure of the Empty House, dat spilet yn 1894; dêryn keart de deawaande Holmes werom en leit er oan in ferbjustere Watson út dat er syn eigen dea yn sêne set hat om syn fijannen te fluch ôf te wêzen. Nei The Adventure of the Empty House publisearre Doyle oan 1927 ta noch sporadysk nije Sherlock Holmes-ferhalen. Holmes-fans tsjutte de perioade fan 1891 oant 1894, tusken syn sabeare dea yn The Final Problem en syn weromkommen yn The Adventure of the Empty House, oan as "it Grutte Hiaat".

Pinsjonearring bewurkje seksje

Yn it ferhaal His Last Bow wurdt ferteld dat Holmes him weromlutsen hat op in lyts boerespultsje yn 'e Sussex Downs, dêr't er him tenei wije sil oan ymkerij. Dy pinsjonearring as privee-detektive wurdt gjin sekuer jiertal foar jûn, mar men nimt oan dat it net letter wêze kin as 1904, mei't der op weromsjoen wurdt yn it ferhaal The Adventure of the Second Stain, dat foar it earst yn dat jier publisearre waard. Yn His Last Bow geane Holmes en Watson oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch noch ien kear oan it wurk om 'e Britske oarlochsynset te stypjen. Der is mar ien oar ferhaal, The Adventure of the Lion's Mane, dat spilet yn 'e jierren fan Holmes syn pinsjonearring.

Sherlock Holmes-searje bewurkje seksje

Hjirûnder in list fan alle oarspronklike ferskinings fan Sherlock Holmes yn it wurk fan sir Arthur Conan Doyle.

Romans bewurkje seksje

 
It stânbyld fan Sherlock Holmes deunby syn fiktive wente yn Londen.

Bondele koarte ferhalen bewurkje seksje

Losse koarte ferhalen bewurkje seksje

Dit binne losse ferhalen, dy't net opnommen binne yn 'e fiif ferhalebondels. It binne net "echte" Sherlock Holmes-ferhalen, mar parodyen, wêryn't Doyle de draak stekt mei syn eigen personaazje.

Toanielstikken bewurkje seksje

Oar bewurkje seksje

Lettere literatuer en adaptaasjes ta oare media bewurkje seksje

Lettere literatuer fan oare auteurs bewurkje seksje

Sherlock Holmes wie sa'n populêr personaazje, dat ferhalen oer him en dokter Watson nei Doyle syn ferstjerren yn 1930 skreaun binne troch auteurs fan alderlei slach, ûnder wa Anthony Burgess, Neil Gaiman, Dorothy B. Hughes, A.A. Milne, Stephen King, Lois McMaster Bujold, Tanith Lee en P.G. Wodehouse. Ek oare personaazjes út 'e Sherlock Holmes-rige, yn 't bysûnder Mycroft Holmes en Irene Adler, wiene letter haadpersoan yn boeken fan oare skriuwers. Sa waard de roman Mycroft Holmes yn 2015 skreaun troch Anna Waterhouse en de eardere basketballer Kareem Abdul-Jabbar, wylst Carole Nelson Douglas in hiele romansearje oan Irene Adler wijde. Martin Davies skreau in trilogy wêryn't frou Hudson, de hospita fan Holmes en Watson, de sintrale persoan is.

 
In poster foar it toanielstik Sherlock Holmes (1899).

Oare skriuwers betochten personaazjes op basis fan Sherlock Holmes. Sa is yn 'e roman Il Nome della Rosa (1980) fan 'e Italjaanske skriuwer Umberto Eco (dy't letter ferfilme waard as The Name of the Rose mei Sean Connery yn 'e haadrol), de haadpersoan in Sherlock Holmes-eftige fransiskaanske mûnts yn 'e Midsiuwen dy't in rige moarden yn in abdij yn 'e Alpen oplosse moat. Syn namme is frater William fan Baskerville, in dúdlike ferwizing nei de Sherlock Holmes-roman The Hound of the Baskervilles.

Adaptaasjes ta oare media bewurkje seksje

De ferhalen oer Sherlock Holmes binne ek withoefaak adaptearre ta oare media, lykas toaniel, film, tillefyzje, animaasje en fideospultsjes. Sir Arthur Conan Doyle sels skreau yn 1899 it earste toanielstik oer de ferneamde privee-detektive, dat Sherlock Holmes hiet. It waard opfierd yn Londen mei William Gillette as Holmes. Nei't dyselde it stik sa'n 1.300 kear spile hie, wied er der wol klear mei en naam H.A. Saintsbury de rol oer, dy't it stik nochris mear as 1.000 kear spile. Letter hawwe der noch withoefolle oare toanieladaptaasjes west.

Ek binne der in mear as 250 film- en tillefyzjeproduksjes makke, wêryn't Sherlock Holmes spile is troch mear as 75 ûnderskate akteurs. Sadwaande is Holmes yn it Guiness Book of World Records opnommen as it meast portrettearre literêre personaazje út 'e film- en tillefyzjeskiednis. De earste film oer Holmes wie Sherlock Holmes Baffled, in stomme film út 1900. Letter fertolke Eille Norwood de rol fan 'e privee-detektive yn 47 stomme films (45 koarte films en 2 lange). The Return of Sherlock Holmes, út 1929, wie de earste lûdsfilm oer Holmes.

 
Basil Rathbone spile de rol fan Sherlock Holmes tusken 1939 en 1946 yn fjirtjin ûnderskate films.

Fan 1939 oant en mei 1946 spilen Basil Rathbone en Nigel Bruce de rollen fan Holmes en Watson yn 14 Amerikaanske films. Tolve dêrfan, produsearre troch 20th Century Fox, wiene kostúmdrama's, mar twa, dy't makke waarden troch Universal Pictures, lieten de Fiktoriaanske Tiid foar wat it wie en pleatsten Holmes en Watson yn 'e 1940-er jierren, dêr't de detektive it opnaam tsjin 'e nazys. In oare akteur dy't tige bekend waard yn 'e rol fan Holmes wie Jeremy Brett, dy't de rol fan 1984 oant en mei 1994 fertolke yn 'e Britske tillefyzjesearje Sherlock Holmes. Yn 'e film Murder by Decree, út 1978, waard de rol fan Holmes spile troch Christopher Plummer. De rol waard yn 'e parody Without a Clue (1988) spile troch Michael Caine. Yn 'e tillefyzjefilm Sherlock Holmes and the Leading Lady (1991) waard Holmes spile troch Christopher Lee.

In modernere werjefte fan 'e detektive waard troch Robert Downey jr. opfierd yn 'e film Sherlock Holmes, út 2009, en it ferfolch dêrop, Sherlock Holmes: A Game of Shadows, út 2011. Benedict Cumberbatch spile Holmes yn 'e moderne tiid yn 'e BBC-searje Sherlock (2010-2017). Krekt-en-gelyk spile Jonny Lee Miller in hjoeddeistige ferzje fan Holmes yn 'e searje Elementary (2012-2019), wêrby't Holmes yn New York wennet en bystien wurdt troch in froulike dokter Joan Watson, spile troch Lucy Liu. De film Mr. Holmes, út 2015, giet oer in âldere, pinsjonearre Holmes, spile troch sir Ian McKellen, dy't yn Sussex yn 1947 gear giet oer de ûnoploste moard op in tsjeppe frou.

 
Jeremy Brett as Sherlock Holmes yn 'e tillefyzjesearje Sherlock Holmes (1984).

Auteursrjocht bewurkje seksje

It auteursrjocht op 'e Sherlock Holmes-rige fan sir Arthur Conan Doyle ferrûn yn it Feriene Keninkryk, Kanada, Austraalje en de measte oare lannen oan 'e ein fan 1980, fyftich jier nei it ferstjerren fan 'e skriuwer. Yn it Feriene Keninkryk waard it letter nij libben ynblaasd, mar ferrûn it fannijs oan 'e ein fan 2000.

Yn 'e Feriene Steaten kamen alle wurken dy't foàr 1923 publisearre wiene yn 1998 yn it publyk domein. Tsien ferhalen wiene fan nei 1923 en dêr wie dus noch wol auteursrjocht op. De erven Doyle holden út dat soks betsjutte dat Holmes, Watson en de oare personaazjes út 'e ferhalen yn 'e Feriene Steaten noch auteursrjochtlik beskerme wiene. Tsjin dy útlis spande Leslie S. Klinger, in abbekaat en de redakteur fan The New Annotated Sherlock Holmes, yn 2013 in rjochtsaak oan. Hy krige gelyk fan 'e rjochtbank en yn heger berop waard dat fûnis yn 2014 bekrêftige. De erven Doyle stapten nei it Amerikaansk Heechgerjochtshôf ta, mar dat besleat de saak net te hearren, wat betsjutte dat de útspraak fan 'e legere rjochter definityf wie. Tsjintwurdich docht dit net bot mear ta de saak, mei't de Amerikaanske auteursrjochtlike beskerming op it lêste Sherlock Holmes-ferhaal fan Doyle, The Adventure of Shoscombe Old Place, op 1 jannewaris 2023 ferrûn.

 
In waaksen byld yn Madam Tussaud yn Londen fan Robert Downey jr. as Sherlock Holmes yn 'e film Sherlock Holmes (2009).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en Further Reading, op dizze side.