Simon van Collem (Amsterdam, 27 maart 1919 – dêre, 21 juny 1989) wie in Nederlânske sjoernalist en telefyzjemakker dy't him talei op filmsjoernalistyk. Hy wie fan joadsk komôf.

Simon van Collem
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Simon van Collem in 1987
Simon van Collem in 1987
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 maart 1919
berteplak Amsterdam
stoarn 21 juny 1989
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as filmsjoernalist, makker fan telefyzjeprogramma's
medium telefyzje
Simon van Collem (links) rikt Prix de Joke út oan Bert Haanstra (1964)

Libben en wurk bewurkje seksje

Van Collem wie yn 'e jierren 1950 wurksum as ferkeapslieder by in filmmaatskippij. Volkskrant rant-redakteur Bob Bertina frege him om in rige artikels te skriuwen oer de histoarje fan de Nederlânske filmyndustry. De searje artikels ûnder de titel Uit de oude draaidoos ferskynde fan 24 desimber 1954 ôf yn de Volkskrant en late yn 1958 ta de útnûging om ûnder de titel De oude draaidoos telefyzjeprogramma's te meitsjen foar de VPRO. Ek skreau Van Collem yn 1959 it boek Uit de oude draaidoos dat nettsjinsteande de smoute anekdoaten en sfearbeskriuwingen jierrenlang as wichtichste boek oer de Nederlânske filmskiednis jilde. Filmhistoarisy oardielden letter dat der ûnderskate ûnkrektichheden yn stiene. [1]

Oant 1970 makke hy syn filmrubryk foar de VPRO. Yn dat jier stapte er oer nei de AVRO dêr't er it programma trochsette ûnder de titel Avroskoop. Yn 1975 makke er de oerstap nei de TROS en waard it programma omdoopt yn Simonskoop.

Van Collem ferstoar yn 1989 yn it harnas troch in hertstilstân by de galapremjêre fan de James Bondfilm Licence to Kill yn de Amsterdamske bioskoop Theater Tuschinski, krekt nei 't er Bond-akteur Timothy Dalton ynterviewd hie.

Priveelibben bewurkje seksje

Van Collem hjitte yn de Twadde Wrâldoarloch as (joadske) ûnderdûker 'Eugène de Winter' en skreau nei de oarloch it boek Eus ontdekt West-Friesland. Hjiryn beskriuwt er syn ûnderdûktiid yn Noard-Hollân boppe it IJ. [2]

Hy is de heit fan René van Collem (drummer van Doe Maar) en Pim van Collem (wurksum as filmprodusint en - distributeur).

Bibliografy bewurkje seksje

  • Uit de oude draaidoos, De Bezige Bij, Amsterdam, 1959.
  • Sterren kijken (Zwarte Beertjes-rige), A.W. Bruna & Zoon, Utert, 1965.
  • De sterren kunnen me nog meer vertellen, BZZTôH, De Haach, 1988, ISBN 90-6291-325-3.

Trivialiteiten bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Simon van Collem 1919-1989. Eigenzinnig filmpromotor, NRC Handelsblad, 22 juny 1989.
  2. René van Collem, Heroïne godverdomme: zijn biografie, Kosmos Uitgevers, Utrecht/Antwerpen, 2014. ISBN 978 90 215 5659 8.