Sipke Ernst (Damwâld, 8 jannewaris 1979) is in Fryske skaker.

Sipke Ernst

De âld-ynwenner fan Damwâld hat yn it ferline spile foar skaakklup Schaakwoude (Skaakwâld). Op 16 oktober 2006 behelle er op in toernoai yn Fügen, Eastenryk, genôch punten foar de titel fan Grutmaster. Ernst is de 22ste Nederlanner dy't dy titel helle hat. Sipke Ernst is studint yn Grins en is dêr lid fan studinteferiening FFJ Bernlef.

Keppelings om utens bewurkje seksje