Skerpenseel (Fryslân)

Skerpenseel is in doarp tusken Wolvegea en De Kúnder súdwest fan de Rottige Meente yn de gemeente Weststellingwerf. Eastlik yn 'e himrik leit de buorskip Grêft.

Skerpenseel
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 430 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 13,81 km², wêrfan:
- lân: 13,79 km²
- wetter: 0,03 km²
Befolkingsticht. 69 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8483
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 50' N 5° 52' E
Lokaasje Skerpenseel (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Skerpenseel (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
Side De Blesse-Pepergea
Kaart
Skerpenseel (Fryslân)
Skerpenseel

Skerpenseel hat 430 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

Al om 1100 hinne wennen minsken yn de krite dy't no de Grutte Feanpolder neamd wurdt, mar pas yn de midsiuwen kaam de bewenning echt op gong. Der ûntstiene delsettings, meastentiids yn tropkes by elkoar. Sa ûntstienen de doarpen yn 'e Grutte Feanpolder: Munnikebuorren, Skerpenseel, Spangea en letter De Langelille en Nijetrine. Tusken dy doarpen wienen ek ferbiningswegen. Dat wiene earst paeden, saneamde Binnenwegen. Doe't it ferlet oan mear en bettere ferfiersmooglikheden groeide, waarden ek 'Bûtenwegen' oanlein. Dy wienen breder en ek geskikt foar weinen mei hynders. Sa ûntstie bygelyks de Grindwei.

Yn de 19e iuw waard der yn 'e krite in soad turf groeven. Op de Eekhoff-kaart fan 1850 is te sjen dat de bebouwing fan it doarp dan yn westlike rjochting nei de Grindwei begjint te ferskowen. It doarp bestiet tsjintwurdich út in oardel kilometer lange lintbebouwing, dy't yn noardlike rjochting minder sletten is.

Skerpenseel is it sintrale doarp fan de Grutte Feanpolder.

Mienskip bewurkje seksje

 
Monumint Stuyvesant by Skerpenseel

It doarp hat in mienskiplike feriening foar Pleatslik Belang mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder. Der is ek in brânwarkazerne yn it doarp dy't de Grutte Feanpolder as wurkgebiet hat en dêrneist geregeld de brânwar fan Wolvegea helpe moat by brannen yn Wolvegea.

Tsjerke bewurkje seksje

Ferienings bewurkje seksje

De fuotbalklub fan Skerpenseel is de op 29 febrewaris 1932 oprjchte club V.V. De Westhoek. De thúshaven fan De Westhoek is tsjintwurdich it sportkompleks It Scheenefjild en de Skeakel, fêstige yn Munnikebuorren. De akkommodaasje moat dield wurde mei fuotbalclub V.O.G.

Bekende ynwenners bewurkje seksje

  • Peter Stuyvesant, de stifter/oprjochter fan Nij Amsterdam (no New York), is hjir grutbrocht. Oer syn berteplak binne ferskillende ferhalen, wêrûnder dat hy berne wêze soe yn Skerpenseel.
  • Dewi Pechler, earder Idols finaliste, is opgroeid yn Skerpenseel en wenne by de opnames fan it programma yn Skerpenseel.

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2009
Ynwenners 573 528 444 421 370 449 439
Jier 2015 2020
Ynwenners 428 440

Strjitten bewurkje seksje

De Kragge, De Ribbe, Fuotpaad, Gracht, Grindwei, Nijewei, Seedyk.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline

 
Plakken yn de gemeente Weststellingwerf
 
Haadplak: Wolvegea
Doarpen en útbuorrens: AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzert
Buorskippen: BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)