In skipsgrêf of boatgrêf is in begraafplak op it lân, út meast de iere midsiuwen, dêr't ien of mear ferstoane(n) by yn in skip of boat bedobbe waarden.

Fynst fan it Gokstad-skip yn 1880
Skipsbegraffenis fan Igor de Alde yn 945, ôfbylde troch Henryk Siemiradzki (1843-1902).

In ferneamd foarbyld is it 7e iuwske skipsgrêf yn Sutton Hoo, Ingelân. Oare foarbylden binne it Gokstadskip en it Osebergskip, twa 9e iuwske Wytsingeskippen dy't yn Noarwegen fûn binne. Wierskynlik gie it om grêven fan foaroansteande minsken. Dizze skipsgrêven leinen ûnder in grêfhichte en hiene faak grêfjeften. Dit soarte fynsten hawwe wichtich west foar it witten oer de iere midsiuwen, en hawwe ek keunsthistoarysk en archeologysk belang.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje