De Slach by Detmold fûn plak yn it súdeastlike diel fan it Teutoburgerwâld, by it plak Detmold op de berch Osning. Dy fjildslach wie ien fan de fjouwer dy't Karel de Grutte levere tsjin de Saksen yn de Saksekriich.

Eftergrûn bewurkje seksje

Nettsjinsteande de lange djoer fan de Saksekriich, fierde Karel de Grutte mar in pear kearen slach tsjin de Saksen. Yn 783 barden twa gefjochten flak njonken inoar plak yn in tiidrek fan inkele dagen. De Slach by Detmold wie it earste treffen, en soe dêrnei folge wurde yn de Slach oan de Hase. Oer it ferrin fan de slach sels swije de boarnen, mar nei alle gedachten sil it der fûl oan ta gien wêze. De slach einige ûnbeslist en baarnde inkele dagen letter op 'e nij los.

Nei ôfrin fan dizze fjildslaggen wienen de Saksen troch Karel de Grutte sa bot ferslein dat dy dêrnei net langer mear iepentlik tsjin him striden doarren. Lykwols hienen ek de Franken grutte ferliezen yn de slaggen.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: