Slach by Keulen
Part fan de Frysk-Frankyske oarloggen
datum: 716
plak: Keulen
útkomst: Fryske oerwinning
konfliktpartijen
Neustrjers

Friezen

Austraasjers
befelhawwers
Redbad Karel Martel

De Slach by Keulen wie in fjildslach by Keulen tusken de Friezen en de Franken yn it jier 716. De Friezen hienen kening Redbad as oanfierder. De Franken waarden oanfierd troch hofmeier Karel Martel. De slach waard wûn troch de Friezen.

Skiednis bewurkje seksje

De Fryske kening Redbad makke yn 714 gebrûk fan it ynterne spul yn it Frankyske ryk. Nei de dea fan hofmeier Pippyn II wie der in opfolgingsoarloch ûntstien. Raganfrid, de Frankyske haadling dy't troch de Neustriërs as hofmeier keazen waard, besocht Redbad oer te heljen ta in bûnsmaatskip. Redbad sloech daliks ta. Hy oermastere earst de eartiidske Fryske gebieten dy't hy nei de ferlerne kriich yn 690 oan de Franken ôfstean moaten hie. Hy besete de útrin fan de Ryn en teach mei syn leger by de Ryn op, rjochting de haadstêd fan Austraasje, Keulen.

Foar de muorren fan Keulen fûnen de Friezen in nije Frankyske lieder tsjinoer har. Dizze lieder wie Karel Martel, dy't troch de Austraasjers daliks as hofmeier beneamd wie. It Frankyske leger wie hastich byinoar fandele en wie gjin partij foar de Friezen. Yn de slach dy't folge waarden sy troch Redbad ferslein en de Franken hienen gjin oare wei as de frede te keapjen foar jild en rike jeften. As oerwinner gie Redbad werom.

Gefolch bewurkje seksje

Kening Redbad hie it hichtepunt fan syn macht berikt. Hy makke Utert opnij ta syn haadstêd en jage de Kristlike prekers lykas Bonifatius út syn ryk. Mei dizze oerwinning hie it Fryske Ryk syn grutste útwreiding berikt.

Literatuer bewurkje seksje

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Ljouwert, 1965), side 72.

Boarne bewurkje seksje