De smjunt (Mareca penelope) is in fûgel út it skaai fan de Smjunten. De fûgels út dit skaai hawwe in skoft yndield west by de gewoane einen. De Eastein is dêrom ek wol te finen ûnder de namme Anas penelope. It skaai Mareca is lykwols op 'e nij ynfierd.

smjunt

mantsje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai smjunten (Mareca)
soarte
Mareca penelope
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast

Foarkommen bewurkje seksje

De smjunt wurdt sa'n 41 oant 51 sm grut, en hat in wjukspanwiidte fan 75 oant 86 sm. It gewicht fan de fûgel leit tusken de 500 en 900 gram. De Jerke hat meast grize fearren, dy't foaral oan de ûnderkant en op it boarst wat ljochter fan kleur binne. De jerke hat in opfallende brune kop mei giele krún en foarholle. De blauwe snaffel hat in swarte punt. It wyfke hat in ûnopfallende brune kleur.

Fersprieding bewurkje seksje

De briedgebieten fan de smjunten lizze yn Noard-Jeropa, Noard-Aazje en in part fan it noarden fan Noard-Amearika. De Fûgels libje op marren, somtiden ek by stadich streamende rivieren. By it ynfallen fan de winter trekke de fûgels nei it suden. Yn Jeropa oerwinterje se yn Midden en Súd-Jeropa. Ek yn Fryslân binne se dan yn grutte kloften te sjen. Meast by it wetter mar ek faak op de greide of it boulân om dêr te fretten.

Iten bewurkje seksje

smjunten binne eins echte fegetariërs. Sy ite sawol wetterplanten mar ek gêrs en oare planten op de wâl. De fûgels binne in 15 oeren deis dwaande mei iten en moatte sa'n 300 oant 400 gram deis hawwe.

 
Aaien fan 'e smjunt.

Fuortplanting bewurkje seksje

De smjunten wurde mei twa jier geslachtsryp. Koart nei de winter foarmje de smjunten pearkes, de briedtiid leit yn de moannen maaie oant july. De smjunt makket in nêst op de grûn flak oan de wetterkant, it nêst wurdt beklaaid mei dûns. It wyfke leit sa'n 5 oant 9 aaien, dy in 5 sm grut binne. De aaien wurde 24 dagen bebret. De jongen ferlitte it nêst fuortendalik wêrnei se noch sa'n 45 dagen by harren mem bliuwe foardat se harren sels rêde kinne.

Literatuer bewurkje seksje

  • Chuck Hagner: Guide to ducks and geese. Stackpole, Mechanicsburg 2006. ISBN 0-8117-3344-0
  • P. W. Mayhew: The feeding ecology and behaviour of wigeon (Anas penelope). Glasgow 1985.
  • Hendrik Brunckhorst: Ökologie und Energetik der Pfeifente (Anas penelope L. 1758) im schleswig-holsteinischen Wattenmeer. Kovac, Hamburg 1996. ISBN 3-86064-454-8

Sjoch ek bewurkje seksje