De sniemosk (Montefringilla nivalis) is in lytse sjongfûgel út de famylje fan de moskfûgels.

sniemosk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje moskfûgels (Passeridae)
skaai sniemosken (Montifringilla) [
soarte
Montefringilla nivalis
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     wintergast

Foarkommen bewurkje seksje

De sniemosk is sa'n 16,5 oant 18 sm grut. It mantsje hat in brune boppekant, in wite ûnderkant en in grize kop. De lange smelle wjukken binne wyt. Simmerdeis is de snaffel swart en hat de fûgel in swarte flek yn de hals. By't winter wurdt dizze flek griis en de snaffel giel. Yn de loft is de fûgel oan de swart mei wite wjukken en sturt goed te werkennen. It wyfke hat in brune kop en de wjukken en sturt hawwe net sa'n protte wite fearren as by it mantsje.

Fersprieding bewurkje seksje

De sniemosk is in stânfûgel en briedt op keale bergen boppe de 1500 oant 2100 meter hichte. It gebiet wêr't er foarkomt rint fan Súd-Jeropa oer Sintraal Aazje oant it westen fan Sina.

 
Aaien fan de sniemosk.

Iten bewurkje seksje

De sniemosk yt meast ynsekten en sied. Yn de wintersportgebieten komt de fûgel yn grut tal foar en komt dêr ek geregeld yn de buert fan de minsken om krûmkes op te pikken.

Fuortplanting bewurkje seksje

It wyfke fan de sniemosk leit 4 oant 5 aaien, dy't yn twa wiken útbret wurde. Beide âlden soargje dêrnei foar de jongen. De fûgels briede ek wol in twadde kear yn it jier.