Sofia Hedwich fan Breunswyk-Wolfenbüttel

Sofia Hedwich fan Breunswyk-Wolfenbüttel (Dútsk: Sophia Hedwig von Braunschweig-Wolfenbüttel; Wolfenbüttel, 20 febrewaris 1594 - Arnhim, 23 jannewaris 1642), grevinne fan Spiegelberg, wie in dochter fan hartoch Hindrik Julius fan Breunswyk-Lüneburg en Elisabeth, prinsesse fan Denemark. Op 8 juny 1607 troude se Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz, wêrtroch't se ek de titel grevinne fan Nassau-Dietz krige.
By har man krige se njoggen bern:

Portret fan Sofia Hedwich en har bern troch Paulus Moreelse. Hja is ôfbylde as "caritas".

Hja is bekend troch it opfallende portret as "caritas" yn de kolleksje fan Ryksmuseum Paleis It Loo.