Sotsji

(Trochferwiisd fan Sotsjy)

Sotsji (Russysk: Сочи) is in Russyske stêd en gemeente yn it suden fan 'e kraj Krasnodar, justjes benoarden de grins mei de Geörgyske regio Abchaazje[1] oan de Swarte See yn de Noardlike Kaukasus. It is it wichtichste baaiplak fan Ruslân en wurdt ek wol de 'Russyske riviêra' neamd. De agglomeraasje Grut-Sotsji hat in lingte fan 147 kilometer en wurdt wol de 'op ien nei langste stêd yn de wrâld' neamd, al bestiet Grut-Sotsji feitlik út mear as ien plak. De agglomeraasje rint fan de rivier de Sjepsi oant de rivier de Psou, dêr't ek de grins mei Abchaazje leit.

Sotsji
Сочи
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Federaal distrikt Súd
kraj Krasnodar
Sifers
Ynwennertal stêd: 446.599 (2023)
gemeente: 561.793 (2023)
Oerflak stêd: 176,77 km²
gemeente: 3505 km²
Befolkingsticht. 2.526,44 ynw./km²
Hichte 30 m
Oar
Stifting 1838
1917 (stedsstatus)
Tiidsône MSK UTC+4
Simmertiid UTC
Koördinaten 49° 35 'NB, 39° 43 'EL
Offisjele webside
Offisjeel webstee
Kaart
Sotsji (Krasnodar)
Sotsji

Sport bewurkje seksje

It Ynternasjonaal Olympysk Komitee wiisde yn july 2007 de Olympyske Winterspullen fan febrewaris 2014 ta oan Sotsji. Sotsji wie sûnt 2014 sân jier gasthear fan 'e F1 Grand Prix Ruslân. Foar it wrâldkampioenskip fuotbal yn 2018 wie it stadion fan Sotsji ien fan 'e wedstrydplakken.

Befolking bewurkje seksje

Neffens de folkstelling fan 2010 bestie de befolking fan Sotsji foar 76,07% út Russen, 14,28% út Armeenjers, 2,5% út Oekraïners, Geörgjers 1,98% en fierder in grut tal lytsere mienskippen.

Befolkingsûntjouwing bewurkje seksje

Berne yn Sotsji bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. de jure part fan Geörgje, mar de facto ûnôfhinklik