Spider-Man: Homecoming

Spider-Man: Homecoming is in Amerikaanske superheldefilm, jeugdfilm en coming-of-agefilm út 2017 ûnder rezjy fan Jon Watts, mei yn 'e haadrollen Tom Holland en Michael Keaton. De titel betsjut "Spin-Man: Thúskomst", hoewol't it ek ferwiist nei it homecoming-skoalfeest. It ferhaal folget de fyftjinjierrige Peter Parker, dy't yn syn frije tiid njonken de middelbere skoalle in figilante is yn 'e foarm fan syn superhelde-alter ego Spider-Man. Nei't er foar de earste kear op en út west hat mei de Avengers, fielt er de oanstriid om himsels te bewizen. Dêrom nimt er it op eigen manneboet op tsjin 'e wapenhanneler Vulture.

Spider-Man: Homecoming
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jon Watts
produsint Kevin Feige
Amy Pascal
senario Jonathan Goldstein
John Francis Daley
Jon Watts
Christopher Ford
Chris McKenna
Erik Sommers
basearre op Spider-Man fan Stan Lee
    en Steve Ditko
kamerarezjy Salvatore Totino
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Marvel Studios
Columbia Pictures
Pascal Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Tom Holland
Michael Keaton
byrollen Jacob Batalon
Laura Harrier
Jon Favreau
Robert Downey jr.
Marisa Tomei
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 28 juny 2017
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 133 minuten
budget en resultaten
budget $175 miljoen
opbringst $880,2 miljoen
prizen 1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Guardians of the Galaxy, Vol. 2
● folgjend diel Thor: Ragnarok

Spider-Man: Homecoming krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje, en folget binnen dat ramt op Guardians of the Galaxy, Vol. 2 (2017). Sels wurdt de film folge troch Thor: Ragnarok (2017). It direkte ferfolch op Spider-Man: Homecoming, dat it ferhaal fan Spider-Man wer oppakt, is lykwols Spider-Man: Far from Home, út 2019. Yn 2021 kaam in twadde ferfolchfilm út ûnder de titel Spider-Man: No Way Home.

Plot bewurkje seksje

Yn 2012, nei't it superheldeteam de Avengers yn New York in bûtenierdske ynvaazje fan 'e Chitauri ôfslein hawwe, werby't in ravaazje oanrjochte is (sjoch: The Avengers), behellet ôffalferwurker Adrian Toomes in kontrakt om alle pún en brokstikken ôf te fieren út 'e New Yorkske binnenstêd. Hy ynvestearret gâns yn syn bedriuw om dy opdracht útfiere te kinnen, ûnder mear troch de oanskaf fan in hiele float nije frachtweinen. Sûnder warskôging wurdt lykswols syn kontrakt annulearre as de oprommersoperaasje oernommen wurdt troch it Departemint fan Skeabeheining (DODC), dat in gearwurkingsfoarm is fan 'e Amerikaanske federale oerheid en Stark Enterprises, it bedriuw fan miljardêr Tony Stark, waans alter ego de superheld Iron Man is.

Toomes protestearret tsjin dy gong fan saken, om't er troch de ynvestearrings fallyt giet as er it kontrakt net hat. Mar hy wurdt op ûnmeilydsume wize bûtenspul set en kriget opdracht om alle brokstikken fan bûtenierdske technology yn te leverjen dy't syn wurknimmers al gearfandele hawwe. Ferbittere beslút er om dat net te dwaan. Ynstee brûke hy en syn wurknimmers de Chitauri-technology dy't se al ôffierd hawwe om avansearre wapens yninoar te nifeljen, dy't se neitiid oan kriminelen begjinne te ferkeapjen. In wjukt fleanpak dat wol wat op in gier (Ingelsk: vulture) liket, hâldt Toomes foar himsels.

Acht jier letter wurdt de fyftjinjierrige wees en skoaljonge Peter Parker biten troch in radio-aktive spin, mei as gefolch dat er oer boppenatuerlike fermogens komt te beskikken. As de superheld Spider-Man wurdt er troch Stark yn Dútslân behelle yn in ûnderling skeel tusken de Avengers (sjoch: Captain America: Civil War). Neitiid fertelt Stark him lykwols dat er noch net ree is om in echte Avenger te wurden. Ynstee moat Peter yn syn wenplak New York, dêr't er by syn muoike May wennet, wer nei de middelbere skoalle. Hy fynt it lykwols dreech om ôf te wachtsjen oant er it griene ljocht fan Stark kriget, dat hy wynt him foar al syn bûtenskoalske aktiviteiten wei om yn syn frije tiid as Spider-Man op eigen manneboet de misdie te bestriden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Net ien dy't wit dat Peter en Spider-Man ien-en-deselde binne, oant syn bêste freon, de obese nerd Ned, it op in stuit by tafal ûntdekt. Hoewol't Peter him beswart dat er it geheim stilhâlde moat, fiteret Ned him oan ien wei troch oan om syn Spider-Man-personaazje te brûken foar sosjale doeleinen, bygelyks om populêrder te wurden op skoalle en om Liz foar him te winnen, in Afro-Amerikaanske klasgenoate dêr't Peter smoarfereale op is. Hoewol't er de measten fan Ned syn ynskunings wjerstiet, jout Peter op 't langelêst ta om as Spider-Man nei in feest by Liz thús te gean om yndruk op har te meitsjen. Ear't dat syn beslach krije kin, wurdt er lykwols ôflaat troch frjemde ljochten yn 'e fierte.

Peter giet op ûndersyk út en ûntdekt Jackson Brice en Herman Schultz, twa fan Toomes syn wurknimmers, dy't besykje harren mei Chitauri-technology opfierde wapenreau oan 'e pleatslike krimineel Aaron Davis te ferkeapjen. Peter grypt yn en wit it duo op in hier nei yn te rekkenjen, mar hy wurdt dwerseide troch Toomes sels yn syn foarm fan de Vulture, dy't Peter optilt en meifiert oant heech yn 'e loft en him dan yn in mar falle lit. Mei't er fertize komt te sitten yn 'e yn syn Spider-Manpak ynboude parasjute, ferdrinkt Peter hast, mar hy wurdt rêden troch Stark as Iron Man, dy't him yn 'e gaten holden hat en op it hert drukt dat er Toomes en syn binde fierders gewurde litte moat. Werom yn it haadkertier fan syn bedriuw nimt Toomes Brice geweken oer syn domme hâlden en dragen troch Chitauri-wapens ôf te fjurjen op in plak dêr't Jan en alleman it sjen kinne (dat wiene de ljochten dêr't Peter op ôfkaam). Brice lit lykwols blike dat er him neat fan Toomes oanlûke sil, en om syn geheimen te bewarjen sjit Toomes him dan dea.

Neitiid fine Peter en Ned in wapen dat Brice by de efterfolging kwytrekke is. Se helje mei it ark yn it hânfeardichheidslokaal op skoalle de Chitauri-akku los, mar feroarsaakje dêrby in enerzjypyk dy't Toomes-en-dy oppikke op harren apparatuer. Schultz brekt yn 'e skoalle yn om it kwytrekke wapen te sykjen, mar kin it net fine. Ungemurken bringt Peter in stjoerderke op Schultz syn klean oan. Sa kinne hy en Ned op 'e kompjûter sjen dat Schultz him nei Maryland bejout. Dat is foar Peter in hiel ein út 'e reek, mar lokkigernôch moat it kwisteam fan syn skoalle krekt dat wykein foar de nasjonale finale nei Washington, D.C. (dat oan Maryland grinzget).

Hoewol't er earder foar it team betanke hie, jout Peter him der no wer by. Yn harren hotelkeamer yn Washington, D.C. helpt Ned, dy't tige handich mei kompjûters is, Peter om it lokaasjestjoerderke yn syn Spider-Manpak (dêr't Stark him mei yn 'e rekken hâldt) út te skeakeljen, en teffens om tagong te krijen ta de avansearre opsjes fan it pak, wêrûnder in keunstmjittige yntelliginsje dy't er Karen neamt. It docht bliken dat Toomes-en-dy yn Maryland binne om Chitauri-technology te stellen út in containerfrachtwein dy't it spul ferfiert nei in heechbefeilige opslachfasiliteit fan it DODC. Dêrfoar brûke se in fazeferskowingsapparaat fan 'e Chitauri, wêrmei't se troch de tichte wanden fan 'e container hinne gean kinne en it guod stelle kinne sûnder dat immen it merkt. Peter besiket Toomes tsjin te kearen, mar hy komt fêst te sitten yn 'e container en bedarret yn 'e heechbefeilige opslach.

As er in gelikense akku sjocht as dy dy't Ned no yn 'e bûse hat, en Karen him fertelt dat it eins in Chitauri-granaat is, slagget it Peter úteinlings om út 'e opslach út te brekken, sadat er him weromhastigje kin nei Washington, D.C. Dêr hat syn team ûnderwilens sûnder him de finale fan 'e skoalkwis wûn. Om dat te fieren nimt menear Harrington, de learaar dy't it tafersjoch oer it reiske hat, syn learlingen mei om it Washington Monumint te besjen, in reuseftige, holle 169 meter hege obelisk op 'e National Mall. Wylst de groep yn 'e lift yn 'e top fan 'e obelisk sit, giet de granaat ôf. Net ien rekket ferwûne, om't de eksplosive lading tige sekuer rjochte is, mar de liftskacht rint fatale strukturele skea op. Peter (as Spider-Man) arrivearret krekt op 'e tiid om 'e ynsittenden út 'e strâne lift te rêden, ûnder wa Ned en Liz.

Inkele dagen letter folget Peter de binde fan Toomes nei de Staten Island-fearboat, dêr't se besykje in lading wapenreau te ferkeapjen oan 'e behurde krimineel Mac Gargan. It docht lykwols bliken dat de FBI it ek krekt op 'e wapenkeapers en -ferkeapers foarsjoen hat, dat Peter en in kloft spesjaal aginten ride inoar yn 'e tsjillen. Dat stelt Toomes by steat om mei Schultz te ûntsnappen yn syn Vulture-pak, wylst in defekt rekke Chitauri-wapen de fearboat yn 'e lingte midstwa spjalt. Peter docht syn bêst om mei syn spinreach de beide helten fan it skip byinoar te hâlden, mar dat slagget net. Aldergeloks arrivearret Stark, yn 'e foarm fan syn alter ego Iron Man, op it nipperke om 'e spjalt yn 'e fearboat provisoarysk te laskjen. Letter nimt Stark Peter geweken. Hy is poerrazen, mei't er dúdlik sein hie dat Peter Toomes-en-dy gewurde litte moast om't se in maat te grut foar him wiene. Peter hie mar it idee dat Stark net nei him harkje woe en neat oan Toomes die, mar eins is it just Stark dy't de FBI op it spoar fan 'e binde setten hat. Om it spul noch minder te meitsjen hat Peter omprutst mei in superheldepak dat miljoenen koste hat, om himsels fermogens ta te eigenjen dêr't er oerdúdlik noch lang net klear foar is. It is Stark no sinneklear dat Peter nea in gaadlike rekrút foar de Avengers wêze sil, dat hy nimt it Spider-Manpak werom en ferbrekt alle bannen mei Peter.

Neitiid keart Peter werom nei syn gewoane libben as middelbere-skoallearling. Hy pakt der bot mei om dat er troch Stark oan 'e dyk set is, mar hy beseft dat it syn eigen skuld is. In ljochtpuntsje is dat Liz "ja" seit as er har freget om mei him nei it skoalfeest te gean, wat in earste stapke is yn 'e rjochting fan ferkearing. Op 'e jûn fan it feest set Peter yn in pak en strik nei Liz har hûs ta om har ôf te heljen. Hy skillet oan en wit net hoe't er it hat as de doar iepengiet en Toomes derfoar komt. It docht bliken dat de blanke Toomes trout is mei in swarte frou en de heit is fan Liz. Toomes ken Peter net wer, om't dy by al harren konfrontaasjes syn mei in gesichtsbedekkend masker tariste Spider-Manpak oan hie. Mar oan 'e aparte manear fan hâlden en dragen fan 'e jonge merkt er dat der wat oan 'e hân is. As Peter de mûle iependocht, komt syn stim Toomes bekend foar, mar hy kin him net rjocht pleatse.

Letter, as er Peter en Liz nei it feest riidt, fertelt Liz dat Peter staazjerûn hat by Stark Enterprises en Spider-Man met hat (wat Peter har earder ferteld hie om yndruk op har te meitsjen). Dan falt foar Toomes alles op syn plak en wit er wêr't er Peter syn stim fan ken. Nei't Liz útstapt is, seit er tsjin Peter dat dy him in aardige jonge taliket en dat Liz him bot lije mei. Dêrom stelt er foar om in streek ûnder it ferline te setten: Toomes lit Peter gewurde en Peter bemuoit him net wer mei Toomes syn saken. Peter wifket wat er dwaan sil, mar hy komt ta de beslissing dat er net de oare kant út sjen kin. Hy lit Liz sitte en giet fia de efterdoar de skoalle wer út. Dêr wurdt er opwachte troch Schultz, dy't troch Toomes warskôge is. Mei de help fan Ned is Peter him lykwols te fluch ôf en lit er him mei spinreach fêstplakt oan in skoalbus efter. Hy bejout him nei Toomes syn pakhûs ta, dêr't er lykwols yn in mûklaach rint. Toomes lit it gebou boppe him ynstoarte en Peter komt fêst te sitten ûnder it pún. Earst skreaut er om help, mar dan beseft er dat er himsels rêde moat, en mei in uterste krêftsynspanning wit er frij te kommen.

Underwilens is Toomes fan doel om dyseldichste jûns syn grutte slach te slaan. Stark en syn rjochterhân Happy Hogan binne alle Avengers-guod oan it ferhúzjen út 'e Avengers Tower yn 'e binnenstêd fan Manhattan nei in nij haadkertier op it plattelân fan 'e steat New York. Dat giet yn in selsfleanend transportfleantúch dêr't net ien oan board is. Toomes wachtet it fleantúch op, hellet it by yn syn Vulture-pak en brûkt syn fazeferskowingstechnology om der yn te kommen. Hy merkt lykwols pas te let dat er in passazjier hat, want Peter hat him yn in selsnaaid Spider-Manpak mei spinreach troch it Vulture-pak op sleeptou nimme litten. Se fjochtsje om it fleantúch hinne, dat dêrby fatale skea oprint en delstoart. Peter soarget derfoar, troch mei syn spinreach de wjukkleppen te manipulearjen, dat de fleanmasine net yn 'e stêd delkomt, mar op it strân by it ferdivedaasjepark Coney Island.

Peter en Toomes oerlibje allebeide de crash en sette harren gefjocht op 'e grûn fuort. Toomes jout Peter no in bêst wan bruien, dat pas eniget as Peter te'n lêsten hast bewusteleas is. Toomes besiket mei syn skansearre Vulture-pak noch in krat fan it Avengers-guod út it fleantúch mei de loft yn te krijen, mar Peter sjocht dat it Vulture-pak oandreaun wurdt mei in Chitauri-granaat, dy't no ynstabyl wurden is. Hy rêdt it libben fan Toomes as it pak eksplodearret. Neitiid plakt er Toomes oan in grut brokstik fan it fleantúchwrak fêst mei in bryfke derby foar Stark.

Nei't Liz har heit arrestearre is, beslút Liz har mem mei har nei Oregon, oan 'e oare kant fan it lân, te ferhúzjen. Har plak as liedster fan it skoalkwisteam wurdt ynnommen troch in oar famke, Michelle. Peter wurdt troch Stark útnûge yn it nije Avengers-haadkertier, mar slacht it oanbod ôf om oan 'e media foarsteld te wurden as de nijste Avenger. Ynstee beslút er om foarearst mar in (min ofte mear) normale skoaljonge te bliuwen. As er thúskomt, hinget lykwols it Spider-Manpak, dat Stark foar Peter meitsje litten hie, wer yn syn kast. Peter hat it krekt oandien as er dermei trappearre wurdt troch syn muoike May.

Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, moetet Toomes yn it tichthûs Mac Gargan wer, de krimineel oan wa't er wapens besocht te ferkeapjen op 'e Staten Island-fearboat. Tanksij Spider-Man sit Gargan no in lange finzenisstraf út en ek hat er by it fiasko op 'e fearboat in groede yn it gesicht oprûn. Hy sint dêrom op wraak en sprekt Toomes oan om't it sizzen is dat Toomes wit wat de wiere identiteit fan Spider-Man is. Toomes antwurdet lykwols dat, as er dat wist, Spider-Man al lang dea wêze soe.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Tom Holland.
 
Michael Keaton.
 
Laura Harrier.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise    
Peter Parker / Spider-Man Tom Holland
Adrian Toomes / Vulture Michael Keaton


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Ned Jacob Batalon
Liz Toomes Laura Harrier
Happy Hogan Jon Favreau
Tony Stark / Iron Man Robert Downey jr.
May Parker Marisa Tomei
Herman Schultz / Shocker #2 Bokeem Woodbine
Jackson Brice / Shocker #1 Logan Marshall-Green
Karen / "Suit Lady" Jennifer Connelly (stim)
Michelle Zendaya Coleman
Flash Tony Revolori
learaar Harrington Martin Starr
rektor Morita Kenneth Choi
coach Wilson Hannibal Buress
Doris Toomes Garcelle Beauvais
Phineas Mason Michael Chernus
Mac Gargan Michael Mando
Randy Vale Christopher Berry
Pepper Potts Gwyneth Paltrow (cameo)
Steve Rogers / Captain America Chris Evans
Ann Marie Hoag Tyne Daly (cameo)
Aaron Davis Donald Glover
F.R.I.D.A.Y. Kerry Condon (stim)
Delmar Hemky Madera
spesjaal agint Foster Gary Weeks
learaar Cobbwell Tunde Adebimpe
learaar Hapgood John Penick
Sally Isabella Amara
Jason Ionello Jorge Lendeborg jr.
Seymour J.J. Totah
Abraham Abraham Attah
Cindy Tiffany Espensen
Betty Brant Angourie Rice
Charles Michael Barbieri
Tiny Ethan Dizon
toergids yn it Washington Monument Martha Kelly
strjitsutelder Zach Cherry
fandaal Kirk Thatcher
lulke buorman Stan Lee (cameo)

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Sûnt oktober 2014 wie men by de Marvel Studios yn 't spier om 'e superheld Spider-Man, oarspronklik betocht troch striptekeners Stan Lee en Steve Ditko, yn te passen yn 'e filmsearje fan it Marvel Cinematic Universe. It personaazje soe alderearst yn in byrol ferskine yn in oare film út dyselde rige, dat letter Captain America: Civil War, út 2016, bliek te wêzen. Yn april 2015 makke filmprodusint Kevin Feige bekend dat Peter Parker alias Spider-Man yn syn earste MCU-film likernôch fyftjin jier wêze soe en dat it gjin oarsprongsferhaal wurde soe, mei't it ûntstean fan Spider-Man yn 'e foargeande trettjin jier al twa kear ferfilme wie (te witten: yn Spider-Man, út 2002, en yn The Amazing Spider-Man, út 2012).

 
De Henry W. Grady High School (sûnt 2021 de Midtown High School) yn Atlanta wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Spider-Man: Homecoming.

Spider-Man: Homecoming waard regissearre troch Jon Watts nei in senario fan himsels, Jonathan Goldstein, John Francis Daley, Christopher Ford, Chris McKenna en Erik Sommers. As produsinten wiene Kevin Feige en Amy Pascal by it projekt belutsen foar de filmstudio's Marvel Studios, Columbia Pictures en Pascal Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $175 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Salvatore Totino, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Spider-Man: Homecoming setten op 20 juny 2016 útein en duorren oant en mei 2 oktober fan dat jier. Der waard mei opsetsin in misliedende wurktitel brûkt, Summer of George, om foar te kommen dat de filmsets bestoarme wurde soene troch entûsjaste fans. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn 'e Pinewood Atlanta Studios besuden Atlanta. Dêr waard bgl. yn in ûnbidich wetterreservoir in replika fan 'e Staten Island-fearboat boud dy't yn 10 oant 12 sekonden yn 'e lingterjochting iepen- en tichtgean koe. Der waard ek op lokaasje yn Atlanta filme, û.o. yn 'e binnenstêd, op 'e Henry W. Grady High School, yn it Atlanta Marriott Marquis-hotel, yn Piedmont Park, yn it Georgia World Congress Center en yn 'e buert West End.

Oare filmlokaasjes wiene twa skoallen yn 'e Los Angelynske wiken Van Nuys en Reseda, en yn New York yn 'e boroughs Manhattan en Staten Island, de buert Astoria yn Queens en op 'e Franklin K. Lane High School yn Brooklyn. Nei ôfrin fan 'e offisjele opnamen waarden letter noch wat bykommende opnamen dien yn Berlyn, by de Brandenburger Tor. Yn 'e postproduksjefaze waarden gâns special effects oan 'e bylden tafoege, dy't produsearre waarden troch û.m. Sony Pictures Imageworks, Industrial Light & Magic (ILM) en Digital Domain.

 
De premiêre fan Spider-Man: Homecoming yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Spider-Man: Homecoming waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjedifyzje fan Sony Pictures, dat de memme-ûndernimming is fan Columbia Pictures. De film gie op 28 juny 2017 yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 7 july yn 'e Amerikaanske bioskopen. De film draaide doe al twa dagen yn 'e Britske bioskopen en ien dei yn 'e measte oare bioskopen om utens. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 7 july 2017 by platemaatskippij Sony Masterworks. Spider-Man: Homecoming kaam op 26 septimber 2017 beskikber as digitale download en waard op 17 oktober fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Spider-Man: Homecoming oer it algemien positive resinsjes. Sa neamde Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times de film "unyk" en "ferfrissend" en priizge er it feit dat it yn dizze superheldefilm noris net om it fuortbestean fan 'e wrâld gie, mar dat it ynstee draaide om it bestean op 'e middelbere skoalle fan 'e haadpersoan. Neffens him wie haadrolspiler Tom Holland "geweldich en goed cast". Yn it tydskrift Variety skreau Owen Gleiberman dat Spider-Man: Homecoming "him krekt genôch ûnderskate" fan 'e foargeande films oer Spider-Man om in "oansjenlike kaskreaker" te wurden.

 
Akteurs Tom Holland, Laura Harrier, Tony Revolori, Jacob Batalon en Zendaya Coleman (f.l.n.rj.) mei regisseur Jon Watts (rj.) by de promoasje fan Spider-Man: Homecoming op 'e San Diego Comic-Con fan 2016.

Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times hie krityk op 'e ôfskildering fan Spider-Man as skoaljonge, dy't er net passend fûn, en ek op 'e "ûngelikens orkestrearre" rezjy fan Jon Watts. Hy miende lykwols dat de film tsjin 'e ein in goed "ritme" fûn en hy hie neat oars as lof foar de aktearprestaasje fan Michael Keaton as de net folslein boasaardige antagonist Adrian Toomes. Op 'e webside IndieWire bekritisearre David Ehrlich de superheldeklisjees fan Spider-Man: Homecoming en teffens de "ûnderskreaune" (d.w.s. te min oan bod kommende) froulike personaazjes. Mar hy priizge de ôfskildering fan it middelbere-skoalbestean fan Peter Parker en de minsklikheid fan Adrian Toomes.

John DeFore fan The Hollywood Reporter fûn dat de film better wurke hie as minder de neidruk lein wie op 'e yntegrearring yn it Marvel Cinematic Universe. Hy priizge de aktearprestaasjes fan Tom Holland en Zendaya Coleman. Yn 'e San Francisco Chronicle woe Mick LaSalle hawwe dat Spider-Man: Homecoming "bêst in aardige Spider-Man-film" wie, dy't lykwols "gjin nije dingen docht". Robbie Collin, dy't foar de Britske krante The Telegraph wurke, hie net folle op mei de film. Hy skreau: "in priuwke fan 'e nije Spider-Man-film yn Captain America: Civil War fan ferline jier smakke nei mear. Mar it hiele miel smakket nearne nei yn dizze loaie en piidleaze solo-eskapade". Wol wied er posityf oer it aktearjen fan Holland, Keaton en Coleman.

 
It Atlanta Marriott Marquis yn Atlanta wie ien fan 'e filmlokaasjes foar Spider-Man: Homecoming.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Spider-Man: Homecoming in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 399 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] docht wat in twadde reboot kin, en leveret in kleurryk, leuk aventoer dat sekuer oanslút yn it him almar fierder útwreidzjende MCU, sûnder dat it fêstrint yn it opbouwen fan 'e franchise." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Spider-Man: Homecoming in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 51 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Spider-Man: Homecoming brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $334,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $546,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $880,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $175 miljoen betsjut dat in winst fan $705,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Spider-Man: Homecoming de op fiif nei meast opbringende film fan 2017, nei Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi, Beauty and the Beast, The Fate of the Furious, Despicable Me 3 en Jumanji: Welcome to the Jungle. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst fan Spider-Man: Homecoming op $200,1 miljoen.

Prizen bewurkje seksje

By de Saturn Awards waard Spider-Man: Homecoming yn 2018 nominearre foar prizen yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste stripferfilming, bêste byrol fan in akteur (Michael Keaton) en bêste rol fan in jongere akteur (Zendaya Coleman). Tom Holland wûn de Saturn Award foar bêste rol fan in jongere akteur. De film waard ek nominearre foar fiif Teen Choice Awards en twa Kids' Choice Awards. Dêrfan wûn er de Teen Choice Awards foar favorite simmerfilm, favorite akteur yn in simmerfilm (Tom Holland) en favorite aktrise yn in simmerfilm (Zendaya Coleman), en de Kids' Choice Award foar favorite filmaktrise (Zendaya Coleman, ek foar The Greatest Showman).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2024) • Blade (2024)
  M.C.U. Phase 6 Deadpool 3 (2024) • Fantastic Four (2025) • Avengers: The Kang Dynasty (2025) • Avengers: Secret Wars (2026)