De Spitsbôge of goatyske bôge is in bôge, dêr't twa symmetryske sirkeldielen fan inoar nei boppe ta snije en sa dêr spits einigje. De spitsbôge is in sintraal elemint yn 'e goatyske arsjitektuer.

Spitsbôge

De earste spitsbôgen yn de Europeeske arsjitektuer ferskynden yn Boergonje. Yn de goatyske tsjerkegebou waard de spitsbôge foar it earst yn 'e earste helte fan de 12e iuw tapast. Om 1200 hinne fersprate de spitsbôge him nei oare dielen fan Europa. Oant de opgong fan de renêssânse yn 'e 16e iuw bleau de goatyske spitsbôge populêr. Iuwen letter waard yn 'e neogoatyske arsjitektuer weromgrypt op de foar de goatyske boustyl typyske spitsbôge.

As in goatyske spitsbôge hiel smel is, hjit sa'n bôge in lansetbôge.

Fariaasjes bewurkje seksje

Fariaasjes op de spitsbôge binne:

  • de Tudorbôge
  • de kylbôge
  • de gerdynbôge

Sjoch ek bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tekenings fan Bôgen fan Wikimedia Commons.