Stabile sydlizzing

Stabile sydlizzing is in earste helptechnyk dy't brûkt wurdt by bewusteleaze slachtoffers.

Stabile sydlizzing.

By elk bewusteleas slachtoffer is de luchtwei bedrige trochdat de tonge yn de kielholte sakje kin. Boppedat bestiet it risiko dat by spuien de ynhâld fan de mage yn de luchtwegen en longen komt. Bedoeling fan de technyk stabile sydlizzing is dan ek :

  • 1. it frij hâlden fan de luchtwei en
  • 2. it yn in feilige en stabile hâlding bringen fan it slachtoffer

De technyk wurdt as ienfâldich besjoen, lichemslingte of gewicht fan it slachtoffer spylje eins gjin rol. Op swangere froulju nei is it ek net fan belang oft in slachtoffer op de linker of rjochter side leit. Swangere froulju wurde op de linker side lein.

As der by in bewusteleas slachtoffer sprake is fan in mooglik wringeletsel, dan moat it slachtoffer yn de posysje lizzen bliuwe sa't hy/sy fûn wurdt. It is dan fan essinsjeel belang dat de luchtwei kontinu iepenhâlden wurdt mei de saneamde Kinlift-metoade.

Dêrneist wurtdt ek de NATO-stabile sydlizzing brûkt. Tige geskikt foar lytse besletten romtes en oan board fan skippen.