Star Trek: Short Treks

Star Trek: Short Treks is in Amerikaanske tillefyzjesearje fan op harsels steande koarte tillefyzjefilms dy't ta de science fiction-franchise Star Trek hearre. De titel betsjut letterlik: "Stjerretocht: Koarte Tochtsjes", mar Short Treks is in wurdboarterij op it wurd trek út Star Trek en de sport 'shorttrack'. De films binne 8 oant 18 minuten lang, en de earsten kamen yn 2018 fia de streamingtsjinst CBS All Access fan it Amerikaankse tillefyzjenetwurk CBS beskikber om streamd te wurden. Anno 2021 rint de searje noch hieltyd.

Star Trek: Short Treks
tillefyzjesearje
makkers
ûntwikkele troch Bryan Fuller
Alex Kurtzman
útfierend
   produsint
Alex Kurtzman
Heather Kadin
Akiva Goldsman
Frank Siracusa
John Weber
Eugene Roddenberry
Trevor Roth
tillefyzjestudio Secret Hideout
Roddenberry Entertainment
CBS Studios
spilers
haadrollen ferskilt per diel
skaaimerken
sjenre science fiction
seizoenen 2 (anno 2021)
jierren 2018 – no
tal ôfl. 10 (anno 2021)
spyltiid (ôfl.) 8-18 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
besibbe searjes The Original Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Picard
Strange New Worlds

Untstean bewurkje seksje

Nei't de nije tillefyzjesearje Star Trek: Discovery, dy't yn 2017 foar it earst te sjen wie, in súkses bliek te wêzen, tekene tillefyzjeprodusint Alex Kurtzman yn juny 2018 in fiifjierrich kontrakt mei de CBS Studios om 'e Star Trek-franchise út te wreidzjen. In moanne letter kundige er op 'e San Diego Comic-Con Star Trek: Short Treks oan.

Produksje bewurkje seksje

Star Trek: Short Treks waard betocht troch Alex Kurtzman en ûntwikkele troch Kurtzman en Bryan Fuller. De searje wurdt produsearre troch tillefyzjestudio's Secret Hideout, Roddenberry Entertainment en de CBS Studios ûnder tafersjoch fan Alex Kurtzman, Heather Kadin, Akiva Goldsman, Frank Siracusa, John Weber, Eugene Roddenberry en Trevor Roth as útfierende produsinten.

De dielen fan 'e rige hawwe in spyldoer fan tusken de acht en achttjin minuten; se steane op harsels binnen it Star Trek-hielal en hawwe ferskillende haadpersoanen. De opnamen fine plak yn Toronto, op 'e filmset fan 'e searje Star Trek: Discovery yn 'e Pinewood Toronto Studios. It earste diel fan seizoen 1 kaam op 4 oktober 2018 beskikber fia de streamingtsjinst CBS All Access (no Paramount+).

Anno 2021 rint de searje yn prinsipe noch altyd, hoewol't der yn 2020 gjin nije ôfleverings mear makke binne fanwegen de beheinings dy't te krijen hiene mei de koroanafiruspandemy. Der binne 2 seizoenen mei yn totaal 10 dielen makke, wêrûnder acht live-actionôfleverings en twa animearre ôfleverings.

De fjouwer dielen fan seizoen 1 leine har ta op it jaan fan in eftergrûn oan 'e haadpersoanen út Star Trek: Discovery. It twadde seizoen gie foar it meastepart oer de USS Enterprise ûnder it befel fan kaptein Christopher Pike. De lêste ôflevering fan it twadde seizoen foarme de yntroduksje fan 'e nije searje Star Trek: Picard.

Rolferdieling bewurkje seksje

Mei't de dielen fan Star Trek: Short Treks op harsels steane en allegear oare haadpersoanen hawwe, is in ienfoarmige rolferdieling foar de hiele rige net te jaan.

Seizoenen en dielen bewurkje seksje

Seizoenen bewurkje seksje

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant streamingtsjinst
1 4 4 oktober 2018 3 jannewaris 2019 CBS All Access
2 6 5 oktober 2019 9 jannewaris 2020

Dielen bewurkje seksje

  • Seizoen 1
1. Runaway (rezjy: Maja Vrvilo; senario: Jenny Lumet en Alex Kurtzman)
Nei in konfrontaasje mei har mem Siobhan (Mimi Kuzyk) moetet Sylvia Tilly (Mary Wiseman) in ferstekling, Me Hani Ika Hali Ka Po (Yadira Guevara-Prip), dy't de oankommende keninginne fan Xahea blykt te wêzen. Hoewol't se wend is om oaren beslissings foar har nimme te litten, beslút Tilly diskear sels it inisjatyf tenimmen troch Po te helpen en kear op 'e tiid foar har kroaning werom nei har planeet.
2. Calypso (rezjy: Olatunde Osunsanmi; senario: Sean Cochran, en Michael Chabon)
De USS Discovery, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten dat troch de tiid hinne nei de takomst flechte is om gefaarlike ynformaasje út ferkearde hannen te hâlden, hat no al tûzen jier deselde posysje yn 'e romte beholden, en yn dy tiid hat de skipskompjûter "Zora" (aktrise Sash Striga en stimaktrise Annabelle Wallis) selsbewustwêzen berikt. As in rêdingskapsule it skip pasearret, hellet se de ynsittende, in jongeman dy't Craft hjit (Aldis Hodge), oan board. Se begjint fereale op him te reitsjen, mar lit him úteinlik har lêste shuttle nimme om werom te kearen nei syn famylje.
3. The Brightest Star (rezjy: Douglas Aarniokoski; senario: Bo Yeon Kim en Erika Lippoldt)
Op 'e planeet Kaminar dreamt Saru (Doug Jones) oer in libben as romtefarder bûten de primitive maatskippij fan syn wrâld, dêr't Kelpianen lykas hy foar iten rispe wurde troch de predatoaryske Ba'ul. It slagget him om in alaarmsinjaal de romte yn te stjoeren, wêrnei't er oppikt wurdt troch luitenant Philippa Georgiou (Michelle Yeoh), dy't him de kâns biedt om him by de Stjerrefloat te jaan.
4. The Escape Artist (rezjy: Rainn Wilson; senario: Michael McMahan)
De geniale mar narsistyske krimineel Harry Mudd (Rainn Wilson) wurdt finzennommen troch in preemjejager, dy't him nei in Stjerrefloatskip bringt, mar dêr ûntdekt er ferskate oare ferzjes fan Mudd dy't al finzen sitte. Op in hiel oar plak giet de echte Mudd troch mei it meitsjen fan androïde dûbelgongers fan himsels, sadat er finzenname troch de autoriteiten ûntrinne kin.
  • Seizoen 2
1. Q&A (rezjy: Mark Pellington; senario: Michael Chabon)
Op syn earste dei oan board fan 'e USS Enterprise komme faandrich Spock (Ethan Peck) en syn nije oerhearrige, dy't 'Number One' neamd wurdt (Rebecca Romijn) fêst te sitten yn in turbolift. Wylst se wachtsje oant se derút helle wurde, fiere se in petear en foarmje se in bân troch ûnderlinge oerienkomsten.
2. The Trouble with Edward (rezjy: Daniel Gray Longino; senario: Graham Wagner)
Oan board fan 'e USS Cabot besiket de wittenskipsofsier Edward Larkin (H. Jon Benjamin) it itenstekoart fan in planeet op te lossen troch tribbles, in lytse dûnzige bistesoart, genetysk te feroarjen. Dêrmei giet er rjocht tsjin it befel fan syn kaptein yn. As er troch syn gepruts in bistesoarte skept dy't al swier is as er berne wurdt, duorret it net lang foar't de USS Cabot folslein ûnder de foet rûn wurdt troch de bistkes. De bemanning moat op 't lêst it skip ferlitte om it libben derôf te rêden, mar Larkin stjert as er him mear taleit op it goedpraten fan syn besluten as op sjen dat er fuortkomt.
3. Ask Not (rezjy: Sanji Senaka; senario: Kalinda Vasquez)
As Stjerrebasis 28 fan 'e Stjerrefloat oanfallen wurdt, kriget faandrich Thira Sidhu (Amrit Kaur) in opstannige finzene op 'e noed: kaptein Christopher Pike (Anson Mount) fan 'e USS Enterprise. Dyselde besiket Kaur ûnder druk te setten om him frij te litten, mar sy wegeret dat te dwaan. Uteinlik docht bliken dat it in test wie dêr't Kaur foar slagge is, sadat se no lid fan 'e bemanning fan Pike syn skip wurde mei.
4. Ephraim and Dot (rezjy: Michael Giacchino; senario: Chris Silvestri en Anthony Maranville)
In romtebearbist dat siket nei in plak om har aaien te lizzen, krúst it paad fan 'e USS Enterprise en wurdt oanfallen troch in reparaasjedrone dy't Dot hjit. As de Enterprise ûntploft trochdat it selsferneatigingsmeganisme yn wurking steld is, ferbynt Dot him lykwols ynstee oan it bearbist (dat er Ephraim neamt). Hy helpt de aaien fan 'e ferneatiging te rêden, en nei't dy útkommen binne, helpt er mei de fersoarging fan 'e jongen. (Ferteld troch Kirk Thatcher.)
5. The Girl Who Made the Stars (rezjy: Olatunde Osunsanmi; senario: Brandon Schultz)
De eangst foar it tsjuster fan in jonge Michael Burnham (Kyrie McAlpin) wurdt troch har heit Mike (Kenric Green) delbêde troch har in ferhaal te fertellen oer in jong Afrikaansk famke. Yn it ferhaal eanget it folk fan it famke it nachtlik tsjuster, mar sy oerwint har eangst en giet nachts nei bûten ta, dêr't se in bûtenierdsk wêzen ûntdekt dat har in nij soarte ljocht skinkt. It famke brûkt it ljocht om 'e stjerren te skeppen en wurdt, as se grut is, in machtige kriichster-keninginne.
6. Children of Mars (rezjy: Mark Pellington; senario: Kirsten Beyer, Jenny Lumet en Alex Kurtzman)
Kima (Ilamaria Ebrahim) en Lil (Sadie Munroe), twa skoalfamkes op 'e Ierde, binne inoars grutste rivalen. Se wurde lykwols gearbrocht troch in trageedzje as se op it nijs sjogge hoe't de romtestasjons yn in baan om 'e planeet Mars, dêr't se allebeide famylje hawwe, oanfallen wurde. Op it nijs wurdt admiraal Jean-Luc Picard (Patrick Stewart) ynterviewd, dy't de oanfallen "ferskriklik" neamt.

Untfangst en resultaat bewurkje seksje

Fan 'e tillefyzjekritisy krige Star Trek: Short Treks oer it algemien positive resinsjes, mar it publyk hie net folle belangstelling foar de koarte filmkes. Yn 2020 waard Star Trek: Short Treks nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske priis op it mêd fan 'e tillefyzje, yn 'e kategory bêste komeedzje- of dramasearje (koarte foarm).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)