Stedsskouburch (Grins)

De Grinzer Stedsskouburch is in teätergebou yn neorenêssânsestyl yn de stêd Grins. Yn 1883 waard it bouwurk oplevere. De tekenplannen foar de bou fan de skouburch binne fan Frederik Willem van Gendt en Hugo Pieter Vogel.

Stedsteater Grins

In oar Grinzer teater is De Oosterpoort mei 2 konsertromten, wêrfan ien amfyteater mei 1850 sitplakken. Yn de Stedsskouburch binne 750 sitplakken. De Oosterpoort en de Stedsskouburch wurde ta de wichtichste teaters fan Nederlân rekkene.[1]

De Stedsskouburch is sûnt 1994 in erkend ryksmonumint.


Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside decultuurvantegenwoordig.nl oer de De Oosterpoort & de Stadsschouwburg Groningen