Stepney is yn wyk yn de Londenske bestjoerlike krite Tower Hamlets, yn de regio Grut-Londen. Stepney leit 5,8 km east-noardeast fan Charing Cross.

Winterton House yn Stepney
Metrostasjon Stepney Green

Stepney ûntstie út in midsiuwsk doarp om de Sint Dunstantsjerke hinne en de 15e iuwske bebouwing oan Mile End Road. Yn de 19e iuw waard der in soad boud yn de krite, benammen om ymmigrante-arbeiders ûnder te bringen en ek om earme Londeners dy't út harren wenten moasten in nij ûnderkommen te besoargjen. De wyk kaam op in minne namme te stean fanwege earmoed, oerbefolking, geweld en politike striderij. Stepney rekke swier skansearre yn the Blitz, in tredde part fan de wenten waard ferneatige. Yn de jierren '60 waarden de âlde huzen sloopt en ferfongen troch moderne huzen en moderne heechbou. Op plakken binne Georgjaanske en Viktoariaanske huzen oerbleaun, bygelyks oan Arbour Square, de eastkant fan Stepney Green en yn de strjitten om Matlock Street hinne.

Berne yn Stepney bewurkje seksje