De Strânljip Haematopus ostralegus is de meast foarkommende soart út de famylje fan de Strânljippen. De 43 sm grutte fûgel is goed wer te kennen oan syn wat dûbele bou, syn swart-wite fearren en syn fel oranje snaffel en poaten.

strânljip
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje strânljipfûgels (Haematopodidae)
skaai strânljippen (Haematopus)
soarte
Haematopus ostralegus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: gefoelich
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Oare nammen bewurkje seksje

De strânljip wurdt yn it Frysk ek wol fjildakster/ekster, bûnte liuw/ljip/pyt of Stynske ljip of liuw neamd.

Fideo fan in Strânljip mei piken

Fersprieding bewurkje seksje

De Strânljip komt yn hiel Euraazje foar, fan West-Jeropa troch Sintraal-Aazje oant Sina. Foar it grutste part is it in trekfûgel dy't oerwinteret yn Súd-Jeropa of Súd-Aazje. Allinnich yn West-Jeropa bliuwt de strânljip it hiele jier op itselde plak.

Fuortplanting bewurkje seksje

By't maaitiid begjinne de strânljippen mekoar yn kloften it hof te meitsjen. Se rinne dan mei de snaffel nei ûnderen om mekoar hinne wylst se lûd roppe. De fûgels hawwe in ienfâldich nêst, in lyts kûltsje wêryn't se sa'n 2-4 aaien lizze. It nêst kin op it strân wêze, op it boulân, yn de greide of sels yn it grint op in plat dak. De aaien komme nei 4 wike út.

Iten bewurkje seksje

De strânljippen ite meast wjirms of skulpdieren.