Strjitte fan Cook

De Stritte fan Cook (Ingelsk: Cook Strait, Maory: Raukawa Moana) is de seestrjitte dy't it Noardereilân en it Sudereilân fan Nij-Seelân fan inoar skiedt. De seestrjitte is ferneamd nei James Cook, in Ingelske ûntdekkingsreizger dy't as earste mei in skip der trochhinne fear.

Strjitte fan Cook

Oan de eastside fan de strjitte leit de haven fan Wellington. Westlik dêrfan lizze de Marlborough Sounds. Op it smelste punt, dat him tusken Cape Terawhiti en Perano Head befynt, is de strjitte 24 km breed. Geregeldwei feare der feartsjinsten tusken Wellington en Picton dat oan it begjin fan de Marlborough Sounds leit. De oertoch duorret likernôch 3 oeren.