Strjitte fan Madoera

De Strjitte (fan) Madoera (Selat Madura) is de smelle seestrjitte dy't de Yndonezyske eilannen Java en Madoera fan inoar skiedet.

Madoera en Java
Fearboat yn de Strjitte fan Madoera

De strjitte hat de lytse eilannen: Kambing, Gili Radja, Gili Genteng en Ketapang.

Brêge bewurkje seksje

Op it heden wurdt der boud oan de Suramadubrêge (Jembatan Suramadu of de Soerabaja-Madoerabrêge) tusken Soerabaja op Java en Bangkalan op Madoera. It wurdt in toaibrêge fan 5,4 kilometer. De bou sette men mei útein op 20 augustus 2003, mar heakke fan ein 2004 oant novimber 2005 fanwege jildkrapte. De brêge soe oplevere wurde yn 2008, mar waard iepene op 10 juny 2009. De totale kosten fan it projekt, mei oanfierwegen en al, wurdt rûsd op sa'n 240 miljoen euro).

Keppeling om utens bewurkje seksje