Suncadia (Washington)

Suncadia is in pland gemeentefrije plak yn Kittitas County yn de Amerikaanske steat Washington en omfiemet in oerflak fan 25 km². It leit sa'n 130 km eastlik fan Seattle yn it Cascadesberchtme. It leit tusken de plakken Cle Elum en Roslyn.

Foar útfiering fan it projekt wurdt gearwurke tusken Jeld-Wen en Lowe Enterprises. As it projekt fan $1 miljard ree is, sil it bestean út in berchhut foar gearkomsten, in doarpssintrum mei winkels en restaurants, in waarmwetterboarne, in sportsintrum mei binnen- en bûtenswimbadden, in iepenloft-amfiteater, in mar ornearre foar rekreaasje foar simmer en winter, 2000 wenten en 3 golfparken. 2 golfparken binne sûnt 2006 ree.

Rom 500 frijsteande huzen binne sûnt 2004 al ferkocht en hat $125 miljoen opbrocht.

In oerflak fan 5 km² oan de rivier de Cle Elum bliuwt frij foar iepen romte is frij tagonklik.

Keppeling om utens bewurkje seksje