De Swaddesleat is in feart op de grins fan de gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân. De feart rint noardeast fan Bûtenpost en súdwest fan it buorskip Lytsewâld. Noardwest fan Bûtenpost stiet de sleat yn ferbining mei De Swadde.

De Swaddesleat sjoen fanôf de brêge yn it Swaddepaed nei it noarden

De namme Swaddesleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zwaddesloot.