Swarte krie

(Trochferwiisd fan Swarte Krie)

De swarte krie (Corvus corone), ek wol krie, kraai, âld roek of âld(e) ka[1], is in fûgel út de famylje fan de kriefûgels.

swarte krie
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje kriefûgels (Corvidae)
skaai krieën (Corvus)
soarte
Corvus corone
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast
(Ynkl. it ferspriedingsgebiet fan 'e skierroek (Corvus cornix) yn East-Jeropa, dy't de IUCN as in ûndersoarte fan 'e swarte krie beskôget.)

Foarkommen bewurkje seksje

In folwoeksen krie is sa'n 48 sm grut en waaget in 550 gram. Yn krie is in stik grutter as in ka in ek hielendal swart, faak mei in grienige gloed oer de fearren. Fan de roek dy't likegrut is binne se te ûnderskieden troch de keale hûd dy't de roek om de snaffel hat, ek hat de roek fearren om syn poaten en in swarte krie net.

 
Aaien fan Corvus corone corone

Fersprieding bewurkje seksje

De soart komt foar yn West- en Sintraal-Jeropa en ek yn it Easten fan Aazje komt de swarte krie foar. Dêr libbet de ûndersoarte C. corone orientalis.
Yn it tuskenlizzende gebiet libbet de Skierroek, dy't besibbe is oan de swarte krie, de wittenskippers binne der noch net út at in no in ûndersoarte is fan de swarte krie as in aparte soarte. Yn it gebiet wêr't beide soarten foarkomme blykt dat se ek fruchtbere neiteam fuortbringe kinne.

Fuortplanting bewurkje seksje

It nêst wurdt fanôf maart yn de foarke fan in beamtûke boud troch beide âlden. De aaien wurde allinne troch it wyfke útbret. De Krieën briede net yn koloanjes sa as roeken en de ka. De blaugriene aaien mei donkere flekken binne in 4 sm grut. De 4 oant 7 aaien wurde in 18 dagen bebret. Dêrnei wurde de jongen troch beide âlden fersoarge, nei in 28-35 dagen fleane de jongen út.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. W. Visser, Frysk Wurdboek, A.J. Osinga, 1985
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Corvus corone fan Wikimedia Commons.