Sylvie Françoise Meis (Breda, 13 april 1978) is in Nederlânsk presintatrise, aktrise en model.

Sylvie Meis by de Deutscher Fernsehpreis 2012
Sylvie Meis, 2010

Libben en wurk bewurkje seksje

Meis waard berne yn Noard-Brabân en waard grutbrocht yn it Belgyske Hoogstraten. Nei't sy de HAVO dien hie[1], helle sy de HBU-oplieding Personiel & Arbeid. Op har 18e woe sy al fotomodel wurde, mar woe dochs earst skoalle ôfmeitsje. Meis gie oan 't wurk as PR- en kommunikaasjemeiwurker en folge ek logopedylessen.

Har niget oan it telefyzjefak kaam in pear jier letter. Yn 1999 briek se troch as presintatrise by Fox Kids.

Meis har definitive trochbraak kaam earst letter. Se die audysje foar de rol fan de seksy bardame Ice yn de searje Costa!. Meis krige de rol en spile twa seizoenen yn de populêre searje. Dêrneist spile sy mei yn Pista!, in spin-off fan de rige Costa!. Begjin 2002 wie hja ek te sjen yn in klip fan Clouseau en hie se in rol yn Goede tijden, slechte tijden.

Maityd 2003 gie Meis oan 't wurk by muzykstjoerder MTV en presintearre dêr it programma de Dag Top 5. Rillegau stapte hja lykwols wer oer nei susterbedriuw TMF om dêr it ynteraktive programma Babe Trap met Sylvie Meis te presintearjen. Yn 2004 krige Meis in nij programma: Modelfacts.

Meis waard yn 2002 útroppen ta TV-babe fan it jier en in 2003 fûn manljusblêd FHM har de meast seksy frou. Yn 2006 sette it Dútske blêd Die Welt har op it tredde plak yn in Top 5 fan de meast moaie spilersfroulju fan it WK fuotbal.

Sylvie hat sûnt maart 2007 in kontrakt by Ted Linows en Linda Naujoks Firma Mega Models.

Yn 2007 stie Meis as model op it omslach fan it simmer en hjerstnûmer fan de kleankatalogus Otto, Sylvie folge dêrmei û.o. de supermodellen Gisele Bündchen, Heidi Klum, Claudia Schiffer en Cindy Crawford op.

Karriêre bewurkje seksje

  • Fox Kids - presintatrise (1999-2002)
  • Costa! - aktrise (2002-2004)
  • MTV - presintatrise (2003)
  • Pista! - aktrise (2003)
  • TMF - presintatrise (2003-2004)
  • Otto - Model (2007-2008)
  • RTL - Sjurylid Das Supertalent (2008-no)
  • RTL - Gadingmakster Let's dance (2010)
  • RTL - presintatrise fan Let's dance (2011)
  • RTL - presintatrise fan The Face (2011)
  • SBS 6 - presintatrise Wedden dat ik het kan (2016)

Persoanlik bewurkje seksje

Yn 2003 krige Meis ferkearing mei fuotballer Rafael van der Vaart. Op 10 juny 2005 trouden sy yn Heemskerk. Sy krigen in soantsje, Damián Rafael (28 maaie 2006). Yn 2005 ferhuze de húshâlding nei Hamburch, yn 2008 ferfearen se nei Madrid. Yn 2013 skiede Meis fan Van der Vaart.

Op 16 juny 2009 waard bekend dat se boarstkanker hie. De neifolgjende operaasje slagge bêst.[2][3]

Prizen bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sylvie Meis over pesten, presenteren en succes, Kennisnet.nl
  2. Sylvie van der Vaart heeft boarstkanker, NU.nl, 16 juny 2009
  3. Sylvie van der Vaart wil geen medelijden, NU.nl, 17 juny 2009