TCR Flylân is in ûnderdiel fan Taxi Centrale Renesse, en ferantwurdlik foar de eksploitaasje fan Line 110 op it eilân Flylân. Dizze bus rydt fan de feardaam yn East-Flylân oer kemping Stortemelk en inkele bungalowparken nei It Posthuys en wer werom.

Bus fan TCR Flylân

It taksybedriuw wûn yn 2001 de iepenbiere oanbesteding fan it steds- en streekferfier op it eilân ten koste fan Arriva. De konsesje, yngeande op 1 jannewaris 2002, hie in perioade fan 3 jier, mar is yntiden ferlinge oant 1 maart 2009.

Yn 2008 is it iepenbier ferfier op Flylân mei dat fan It Amelân en Skylge, opnij oanbesteed. TCR hie him hjirfoar ek ynskeaun. De konsesje waard lykwols wûn troch Arriva. Nettsjinsteande dat sil TCR ek nei 1 maart 2009 op it eilân riden bliuwe, yn opdracht fan Arriva. [1] [2]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vervoerders knokken om eilanden, Ljouwerter Krante, 05 novimber 2008
  2. Arriva regelt busvervoer op alle waddeneilanden, Ljouwerter Krante, 12 desimber 2008