Taai is in sinteklaasfersnapering. Der kin nei de foarm ûnderskied makke wurde yn:

  • taaimantsjes, lyts taai
  • taaipoppen, kinne wol libbensgrut wêze
  • taairokken, ûnderhelte fan in trochsniene frouljuspop
Taaipoppen

Taai wurdt makke fan in soarte koekedaai mei spesjale krûden. Om it glimmend te krijen waard it taai eartiids, as it út de ûne kaam, ynsmard mei bjist. Letter waard soks mei molke dien. Smaaklik is en Gimbertaai en, ek Dokkumer taai wie bekend.

Taaiplanke bewurkje seksje

Om taaifoarmen te bakken waarden taaiplanken brûkt. It wienen echt produkten fan folkskeunst, wurde net mear brûkt en wurde bewarre yn de kolleksjes fan it Princessehof, it Frysk Museum en yn âldheidkeamers. Yn de taaiplanken is âld-heidenske symbolyk weromfûn.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: