De Tabor is in berch fan 588 meter hichte yn it noarden fan Israel, yn Leech-Galilea oan de râne fan de Flakte fan Jizreël. By de berch lizze de foaral islamityske plakken: Iksal, Daboriya en Shibli-Umn al-Ghanem. Op de top fan de berch stiet in roomsk-katolike tsjerke. De berch is fannijs beboske troch it Joadsk Nasjonaal Fûns.

De berch Tabor
De Tsjerke fan de Transfiguraasje op de Tabor

Tabor yn de Bibel bewurkje seksje

De Tabor wurdt faak neamd yn de Hebriuwske Bibel, it earst yn Rjochters 4:6:

Doe stjoerde se [Debora] om Barak, de soan fan Abinoäm en rôp him út Kêdesj yn Naftaly. En hja sei tsjin him: Jo moatte witte, dat de Heare, de God fan Israel, hjitten hat: Sjoch datst op 'e Tabor komst, en nim tsientûzen man út 'e soannen fan Naftaly en Sebûlon mei. [1]

Neffens de kristlike tradysje gie Jezus de berch Tabor op mei syn dissipels Jakobus, Jehannes en Petrus. Op de berch feroare Er foar harren eagen fan oansjen; syn klean begûnen sa glânzjend wyt te wurden as gjin minske op de wrâld se blikke kin en hy spruts dêr mei Elia en Mozes. Ut in wolk soe in stim sein hawwe:

Dit is myn Soan, myn ynleave Jonge, harkje nei him!

Sûnt jildt Tabor as de berch fan de Stalferwikseling of Transfiguraasje fan Jezus. Mystisy mienden letter dat se it saneamde Ljocht fan Tabor sjen koenen mei help fan hindûistyske metoaden. Dit ferhaal wurdt fermeld yn de Bibel yn Markus 9:2-13.[2] De namme Tabor komt yn de tekst lykwols net foar. Dêr is allinne praat fan in hege berch.

Geology bewurkje seksje

De berch is in monadnock (of Inselberg); in allinnich steande hichte as lege berch dy't ynienen, as in soarte fan eilân, út flak lân riisd; de berch hat gjin fulkanyske oarsprong. Nettsjinsteande de lizzing tichteby de bergen fan Nazareth, is it in aparte geologyske foarm.

De Tabor eartiids bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nije Fryske Bibeloersetting, Rjochters 4:6. ISBN 90 6126 081 7.
  2. Nije Fryske Bibeloersetting, Markus 9:2-13.