Te Mâl wie in aksjegroep dy't him ferset tsjin besunigings en oare maatregels dy't skea dogge oan taal, kultuer, ûnderwiis, miljeu en jongereinwurk yn Fryslân.

De aksjegroep Te Mâl ûntstie yn 2003, as reaksje op in besunigingsnota fan Deputearre Steate fan Fryslân mei plannen om it subsydzjebudzjet foar organisaasjes op it mêd fan kultuer, emansipaasje en miljeusoarch mei 40% werom te bringen. Mei troch de aksjes fan Te Mâl is it oangeande foarstel troch Provinsjale Steaten ôfwiisd.

Nei dy tiid hat Te Mâl har mei súkses fersetten tsjin besunigingsplannen fan de gemeente Ljouwert en tsjin ûnderwiisherfoarmingsplannen fan Deputearre Steaten. Yn 2005 fiert Te Mâl aksje tsjin de fernijde kearndoelen foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis.

Aksjemiddels dy't Te Mâl brûkt binne demonstraasjes, petysjes, en hantekeninge-aksjes, posteraksjes, lobbywurk, it dielnimmen oan sympoasiumdiskusjes en polemiken yn kranten, it fersprieden fan buttons en it ynbrekken op happenings fan politike partijen.

De gearstalling fan Te Mâl is wikseljend. De lieding bestiet benammen út jongerein. Begjin 2005 hie Te Mâl hûnderten leden. Te Mâl stie ûnder foarsitterskip fan Elbrecht Claus út Ljouwert.