In telegrafist is immen dy't mei help fan in elektryske telegraaf berjochten stjoert en ûntfangt. Sokke berjochten wurde meastal telegrammen neamd. Meidat de berjochten yn morsekoade ferstjoerd waarden, moast de telegrafist by steat wêze dy koade fluch te brûken om tekst yn koade om te setten en koade wer nei tekst te "fertalen". It kodearjen fan in tekst waard mei in seinkaai dien; it dekodearjen troch de elektryske pulsen yn koarte en lange lûdssignalen om te setten, dy't meast oer in koptelefoan belústere waarden. De telegrafist sette de piepkes wer om yn letters. In betûft telegrafist koe sadwaande tweintich oant fjirtich wurden de minút ferstjoere as ûntfange.

In telegrafist
In seinkaai

At it seinen net oer in fêste line gie, mar oer de radio (triedleaze of radiotelegrafy), waard ek wol fan markonist sprutsen, benammen oan board fan skippen. Hy waard oan board ek wol "tried", "fonk" of "fonkeboer" neamd.