The Flowers of Vashnoi

The Flowers of Vashnoi is in science fiction-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold. It boek makket diel út fan har romansearje The Vorkosigan Saga, en kin yn 'e gronologyske folchoarder fan dy searje pleatst wurde tusken de romans Captain Vorpatril's Alliance en CryoBurn yn. De titel fan 'e novelle betsjut: "De Blommen fan Vashnoi". It ferhaal giet oer it krewearjen fan grevinne Ekaterin Vorkosigan om 'e radio-aktive sône fan 'e eardere stêd Vashnoi, dêr't in atoombom op smiten is, wer bewenber te meitsjen. The Flowers of Vashnoi ferskynde yn maaie 2018 as e-boek foar Amazon Kindle, en yn oktober fan dat jier as lústerboek fan Blackstone Publishing. Yn july 2019 kaam der yn in beheinde oplaach in hardcoverboekedysje fan 'e novelle út by de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan).

The Flowers of Vashnoi
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre science fiction
1e publikaasje 2018 (e-boek)
2019, Burton
oarspr. útjwr. Amazon
rige
rige The Vorkosigan Saga
kodearring
ISBN 978-1 59 60 68 926

Ynhâld bewurkje seksje

Vashnoi, folút Vorkosigan Vashnoi, wie foarhinne in stêd op 'e troch minsken kolonisearre planeet Barrayar, dêr't sa'n 250.000 minsken wennen. Goed hûndert jier lyn, ûnder de Cêtagandyske besetting fan Barrayar, waard de stêd ferwoastge trochdat de besetters der in atoombom op smieten; Vashnoi wie nammentlik in sintrum fan 'e Barrayaarske guerriljastriid tsjin it Cêtagandyske Ryk. It meastepart fan 'e ynwenners kaam daliks om, en tsientûzenen oaren ferstoaren yn 'e folgjende jierren oan strielingssykte. It plak dêr't de stêd stien hie, waard foar iuwen ûnbewenber.

Nei't de Barrayarezen de oarloch tsjin 'e besetters yn harren foardiel besljochte en dêrmei harren ûnôfhinklikheid weromwûn hiene, waard it radio-aktive gebiet ôfset mei warskôgingsbuorden. Greve Piotr Vorkosigan, dy't de striid tsjin 'e Cêtagandiërs laat hie, kocht de oare grûnbesitters yn it gebiet út: in foarm fan goeddiedichheid foar de ferearmoede mar grutske lju, dy't se oannamen om't se beare koene dat it in ienfâldige ferkeap fan grûn wie. Sadwaande is no, hûndert jier letter, it hiele radio-aktive gebiet privee-eigendom fan Piotr syn pakesizzer, greve Miles Vorkosigan.

Miles syn frou, grevinne Ekaterin Vorkosigan, hat it plan opfet om Vashnoi flugger wer bewenber te meitsjen as troch it natuerlik ferrin fan 'e radio-aktive strieling. Dr. Enrique Borgos, in briljante wittenskipper fan 'e planeet Escobar dy't Barrayar earder ferrike hat mei de saneamde 'bûterbistkes', of 'koarretoarren', sa't Miles se neamt (sjoch: A Civil Campaign), hat no nammentlik troch genetyske manipulaasje in nije ynsektesoarte kreëarre dy't radio-aktiviteit opfret en yn syn lichem opslacht. It úteinlike doel is om safolle fan 'e bistkes oan te meitsjen as nedich binne, en se dan yn Vashnoi út te setten. Dêr kinne se fan 'e wielderige plantegroei libje oant se nei ferrin fan tiid weromfongen wurde om ferneatige te wurden, en mei har ek de radio-aktiviteit dy't se opslein hawwe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Safier is it lykwols noch net. De earste ferzje fan 'e strielingsbistkes is yn in ôfskutte diel fan it radio-aktive gebiet útset by wize fan test. It binne opfallende en kreas útsjende ynsekten, dy't in readige gloede útsmite mei in warskôgingsteken op 'e rêch dat Ekaterin sels ûntwurpen hat. Miles, Ekaterin en dr. Borgos geane dêr yn strielingspakken hinne om 'e stân fan saken op te nimmen, ûnder begelieding fan Vadim, ien fan 'e wachters yn 'e tsjinst fan Vorkosigan dy't de taak hawwe om tafersjoch op Vashnoi te hâlden. Op it testplak docht lykwols bliken dat der folle minder fan 'e strielingsbistkes binne as dat der útset wiene. Wylst se de omkriten fan it testplak útkamme en har der de holle oer brekke hoe't de bistkes ûntsnapt wêze kinne, fangt Miles in glimp op fan in behindich wyt wêzen dat er omskriuwt as in 'boskelf'. Ekaterin en hysels hâlde it der letter op dat er it ferkeard sjoen hawwe moat. De bistkes bliuwe spoarleas.

De oare deis keare Ekaterin en dr. Borgos tegearre werom nei it testplak, mei't Borgos o sa yn noed sit oer syn kreaasjes. By it oerfleanen fan it tichtbegroeide Vashnoi ûntdekke se inkele gebouwen ûnder de beammen, dy't eins net mear as hutten binne. Dêr fine se de missende bistkes werom yn it besit fan in teenagefamke mei in reuseftige swolm oan har hals, dy't boppedat geastlik dúdlik net folslein ynoarder is. It famke flechtet foar harren fuort, mar Ekaterin wit har fertrouwen te winnen troch har wite strielingspak út te dwaan en har sa sjen te litten dat se in gewoane minske is en gjin meunster. (Wat betsjut dat se neitiid in nacht yn it sikehûs trochbringe moatte sil om 'e opdiene radio-aktive strieling út har lichem te spielen.)

Ut it praat fan it fanke, dat Jadwiga hjit, wurde Ekaterin en dr. Borgos gewaar dat se hjir wennet mei trije oaren: de jonge Ingi (dy't in albino blykt te wêzen en teffens de 'boskelf' dy't Miles sjoen hie), Boris en Ma Roga. As letter earst Ingi en dêrnei Ma Roga en Boris thúskomme, docht bliken dat Jadwiga en Ingi as poppen troch harren âldelju yn it radio-aktive gebiet efterlitten binne omreden fan syn lichaamlike en har geastlike ôfwikings. (Barrayar, dat lange tiid isolearre west hat fan 'e rest fan 'e minskheid en yn dy tiid weromfoel ta in soarte fan Midsiuwsk tiidrek, hat in sterke skiednis fan ynfantiside fan poppen dy't lichaamlik of geastlik net ynoarder wiene. It efterlitten yn it radio-aktive gebiet liket in lêste útwaaks fan dat troch Miles syn mem Cordelia útbande gebrûk te wêzen.)

De bern binne fûn en grutbrocht troch Ma Roga en har biologyske soan Boris, dy't yn it radio-aktive gebiet tahâlde om't Ma Roga dêr mear as tritich jier lyn foar keazen hat doe't de âlde Piotr Vorkosigan noch greve (en rjochter) wie. Hja makke nammentlik diel út fan in binde ynbrekkers en moardners dy't út Vashnoi wei operearre; de oare leden krigen de deastraf nei't se pakt wiene, mar om't Ma Roga yn ferwachting wie, mocht hja in oare bestraffing kieze. Ekaterin freget har ôf hoe't it fjouwertal sa lang yn 'e radio-aktive sône tahâlde kinnen hat sûnder opmurken te wurden troch de wachters, mar dat riedsel wurdt oplost as wachter Vadim opdaagjen komt mei boadskippen dy't er foar Ma Roga-en-dy helle hat. Vadim blykt de biologyske broer fan Jadwiga te wêzen, dy't net tafallich by de wachters gien is.

Ekaterin makket Ma Roga dúdlik dat dit sa net langer kin. De wrâld is feroare en der jilde no oare noarmen en wearden; ferballing nei in radio-aktyf gebiet is net mear oan 'e oarder. Boppedat hawwe de bern, fral Jadwiga, driuwend ferlet fan medyske help. Ma Roga liket har dêrby del te lizzen, mar as Ekaterin, Vadim en dr. Borgos de troch Ingi as kado foar Jadwiga meinommen strielingsbistkes fange, komt der trelit út 'e grutste fan 'e hutten. Ekaterin en Vadim hastigjen harren dêrhinne en treffe de hutte yn 'e brân oan, Ingi bewusteleas en Jadwiga mei in bliedende jaap fan it mânske mês dêr't Ma Roga en Boris om wrakselje. Vadim wol Boris ferdôvje mei syn laserpistoal, mar Ekaterin ûntnaderet him it wapen en sjit ynstee Ma Roga del. It docht bliken dat Ma Roga fan it âlde stimpel wie en leaver de bern en harsels ombringe woe as har wenstige bestean opjaan.

It hiele selskip wurdt byinoar fandele en nei it sikehûs yn 'e distrikshaadstêd brocht, dêr't de dokters Boris, Ingi en Jadwiga op fersyk fan Ekaterin (mar gehiel tsjin 'e regels) yn ien keamer ûnderbringe. Ma Roga kriget in eigen keamer mei in slot op 'e doar. Miles besiket Ekaterin dy jûns. Hy is noch net wis wat er mei Ma Roga dwaan sil, mar se wurdt yn elts gefal net mear by de bern litten. Dy krije no de medyske help dêr't se sa'n ferlet fan hawwe. It is noch mar de fraach oft Jadwiga it helje sil. Vadim kin net trochgean as wachter, mar it deart Miles ek oan om him samar oan 'e dyk te setten. Hy is fan doel om it spul te behimmeljen troch derfan te meitsjen dat Vadim oan syn maksimum fan radio-aktive strielingsynname sit. Nei alle gedachten kin syn broer Mark Vorkosigan wol in baantsje foar de man fine yn syn groeiende sake-ympearium. De bern sille nei de earste behanneling yn it sikehûs húsfêste wurde op 'e âlde pleats dêr't dr. Borgos wennet en wurket mei syn frou Martya. Dat is in moai ein út 'e wei, sadat de kultuerskok minder grut wêze sil.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bujold, Lois McMaster, The Flowers of Vashnoi, Burton (Michigan), 2019 (Subterranean Press), ISBN 978-1 59 60 68 926.
The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's Dilemma • Falling Free • Shards of Honor • Barrayar • The Warrior's Apprentice • The Mountains of Mourning • The Vor Game • Cetaganda • Ethan of Athos • Labyrinth • The Borders of Infinity • Brothers in Arms • Borders of Infinity (ramtferhaal) • Mirror Dance • Memory • Komarr • A Civil Campaign • Winterfair Gifts • Diplomatic Immunity • Captain Vorpatril's Alliance • The Flowers of Vashnoi • CryoBurn • Gentleman Jole and the Red Queen